fotografy: Fries Verzetsmuseum, still út ’De Overval'

In sterke frou efter eltse man

MARRE SLOOTS – 

Stipe fan froulju wie ûnmisber yn it ferset
“Vrouwen in het verzet deden in aantal en dapperheid niet onder voor hun mannelijke collega’s.” Sa skreau Anne de Vries (1904-1964) yn 1951 yn syn bydrage oan it oersjochwurk Het Grote Gebod. Gedenkboek van het verzet in LO en LKP. Der wie yn de tiid krekt nei de oarloch in soad respekt foar de froulju dy’t harren libben op it spul set hiene om it ferset te stypjen. Mar foaroardielen oer froulju wienen der net minder. De Vries, ferneamd as skriuwer fan it bekende boek Bartje (1935), sketste wat in iensidich byld fan de fersetsfrou as soarchsume assistinte fan de fersetsman dy’t, “in overeenstemming met haar aard en aanleg meestal een meer onopvallende taak voor haar rekening nam, – huisvesting en verzorging der kameraden, koeriersdiensten, etc.”

Tsjintwurdich kinne se noch altyd op in soad omtinken rekkenje yn biografyen en útstallings: fersetsfroulju lykas Hannie Schaft, Reina Prinsen Geerligs, of Helena Kuipers-Rietberg. Se sprekke noch altyd ta de ferbylding. It kontrast tusken de kwetsbere, ûnskuldige frouljusfiguer en de hurde realiteit fan it deistige oarlochsgeweld kin dan ek hast net grutter. Dat it ûnderwerp fassinearjend is, blykt wol út it feit dat de moaie Esmée van Eeghen, de ‘eksoatyske blom’ yn de Fryske tún, op wa’t de heldin Rachel Stein yn de film Zwartboek fan Paul Verhoeven foar in part basearre is, ien fan de meast beskreaune persoanen is yn de Fryske fersetsliteratuer. Mar hoe sit it as wy de rol fan froulju yn oarlochstiid fanút in breder perspektyf besjen wolle? Wat wie krekt harren oandiel yn it Fryske ferset? En hoe waard der troch manlju tsjin harren oan sjoen?

Oan de iene kant beskôgen manlju harren froulike kollega’s mei grut respekt, mar froulju bleaune dochs it swakkere geslacht.

Om dy fragen te beäntwurdzjen, kin Tresoar de nijsgjirrige ûndersiker goed op wei helpe. By Tresoar wurdt nammentlik it mânske argyf fan de feriening ‘Friesland 1940-1945’ bewarre, mei dêryn in skat oan ynformaasje oer it eardere ferset yn Fryslân. De ‘feriening’ waard krekt nei de befrijing oprjochte. It earste doel wie de finansjele en materiële fersoarging fan âld-fersetsstriders en fersetswiddo’s. Mar al gau kaam dat wurk yn hannen fan de ‘Stichting Friesland 1940-1945’ en begûn de feriening him mear te rjochtsjen op de dokumintaasjefunksje.

Sa kaam der yn 1948 in spesjale dokumintaasjekommisje, ûnder lieding fan Y.N. Ypma. Dy begûn mei it sammeljen fan ynformaasje oer en tsjûgenissen fan de âld-fersetsstriders yn de foarm fan (groeps-)ynterviews en ynfolde antwurdformulieren. Dêrneist binne yn it argyf listen te finen mei nammen, bertedata, wenplakken en noch mear fan soksoarte persoanlike gegevens.

Dy rike histoaryske boarne bringt foar de hjoeddeistige besiker lykwols in wichtich beswier mei. Om’t de tsjûgenissen koart nei de oarloch optekene binne, binne se net hielendal frij fan ‘kleur’. De útkomst fan de oarloch wie bekend en der foel net oer te striden wa’t de oerwinners wiene. It publike debat draaide yn dy jierren om politike suvering. Der waard troch ferskate organisaasjes mei de oerheid oparbeide om ûnderskiede te kinnen wa’t ‘goed’ west wie en wa ‘fout’. Lidmaatskip fan de feriening waard sjoen as in ear: dêrmei waard men offisjeel erkend as in fersetsstrider dy’t rjocht hie op maatskiplik oansjen en finansjele foldwaning.

Guon manlju fertelden harren frou alles, yn oare gefallen wist dy allinnich dat er ‘wat die’. Mar de froulju waarden suver nea kompleet ûnwittend hâlden.

Net elkenien mocht samar lid wurde fan de feriening. Yn de statuten falt te lêzen: “Lid kan worden hij of zij, die gedurende de bezetting in Friesland als illegaal strijd(st)er heeft gewerkt met overtuiging en met inzet van zijn of hare geheele persoonlijkheid ten dienste van de nationale zaak.” Elk dy’t lid wurde woe, moast in yngeande ‘screening’ ûndergean. Der wie in spesjale kommisje dy’t aspirant-leden beoardiele moast. Foar dyjingen dy’t gjin lid wurde mochten, wie der it donateurskip.

De feriening hold der in beheinde definysje fan it begryp ‘ferset’ op nei. De fersetsaktiviteiten moasten fan in sekere duer en yntinsiteit west hawwe. Konkreet sein, it ûnderbringen fan “slechts enkele onderduikers” foar in koarte perioade joech gjin tagong ta de feriening. Tsjintwurdich soenen wy sokke aksjes ek as ferset beneame, al wie it net yn in organisearre foarm. De fraach is dus yn hoefier’t it argyf werklik in represintatyf byld jout fan ‘it’ ferset yn Fryslân. Mar lykwols kin it ús in soad wól dúdlik meitsje.

Oer it oandiel fan froulju yn it ferset kin men op basis fan de gegevens yn it argyf fan de feriening ‘Friesland 1940-1945’ al in aardich idee krije. Sjogge wy ‘sec’ nei it tal leden en hoefolle dêrfan oft fan it froulik geslacht binne, dan komme wy op sa’n 10 prosint. Tink derom, it giet dêrby mar om dik hûndert froulju. Foar in eksakte mjitting soe der mei gruttere oantallen wurke wurde moatte. Mar it jout in goede yndikaasje.

Wa’t ûndersyk docht nei de krekte rol fan dy froulju komt al gau ta de konklúzje dat sy twa soarten funksjes hiene yn it ferset. De earste, en miskien wol meast bekende, wie dy fan koerierster. Koeriersters hiene in wichtige rol: op manlju waard nei 1943 hieltyd mear jacht makke troch de besetters. Mar froulju makken har net fuort fertocht troch har yn it iepenbier sjen te litten. Sy hiene relatyf sjoen in soad bewegingsfrijheid en fytsten stêd en lân ôf mei in boadskip, yllegale papieren of wapens.

Ut de tsjûgenissen fan fersetsmanlju blykt dat de grutte mearderheid fan de froulju har man yn it ferset oanmoedige. In inkeling makke har wolris soargen.

It gong faak om jonge froulju mei in baan. Fan de froulike leden fan de feriening hie mear as de helte wurk. Yn de ‘gewoane’ maatskippij wie dat in stik minder – yn it Fryslân fan de jierren tritich fan de foarige ieu wurke ûngefear in kwart fan de froulju. De foar de hân lizzende ferklearring dêrfoar is dat wurkjende froulju geregeld mei manlju yn kontakt kamen. Dêr diene se de konneksjes op dy’t harren by it ferset belutsen.

Koeriersters wiene de spil yn it kommunikaasjenetwurk fan it ferset, en harren wurk wie fan grut belang. Faak ferfierden se uterst gefoelige ynformaasje of gefaarlike wapens. Foar guon fersetsmannen wie in koerierster ek in fertroulinge, oan wa’t se ferhalen en gefoelens kwyt koene dêr’t de minsken thús har mar min yn ferpleatse koene. “Wy libben as broer en suster, hiel hecht”, fertelde Tiny Mulder, miskien wol de meast bekende fersetsfrou yn Fryslân yn ien fan har petearen mei Geart de Vries foar syn boek Foar alles is in tiid. It libbensferhaal fan Tiny Mulder. “Wy ha wol op deselde souder sliept, manlju en froulju troch elkoar hinne, en de oare moarns wosken wy ús by deselde wasbak sûnder dat wy ús sjenearden foar elkoar.”

Oan de iene kant beskôgen manlju harren froulike kollega’s mei grut respekt, mar froulju bleaune dochs it swakkere geslacht. Tiny Mulder, yn it boek Dodelijke dilemma’s in het Friese verzet. Het veemgericht en Esmée van Eeghen, fan predikant en sjoernalist Ype Schaaf: “Vrouwen werden niet anders dan koerierster genoemd. Men zei ook altijd dat de mannen gevaar liepen, alsof koeriersters dat niet deden.” De besettende macht soe mylder wêze foar froulju, en harren mei mear genede benaderje. Der is yn Fryslân yndie mar ien frou om it libben kaam troch har fersetswurk, de koerierster Cornelia van den Berg-van der Vlis (‘Annie Westland’). Mar dat wol net sizze dat harren wurk sûnder gefaar wie. Koeriersters wisten in soad, koene in protte nammen, en beweegden harren yn de hegere regioanen fan it ferset. Lykwols oerhearsket it byld dat it benammen de mannen wiene dy’t gefaar rûnen en dy’t it measte op it spul setten.

Húshâldings ûnderfûnen ek geregeld de gefolgen fan it fersetswurk fan heit. It kaam foar dat frou en bern ek ûnderdûke moasten.

Fierwei de grutste en tagelyk de minst beljochte groep froulju rekke lykwols by it ferset belutsen troch de aktiviteiten fan harren man of – yn guon gefallen – soan. Sy wiene gastfroulju, dy’t harren hûs beskikber stelden foar alderlei ferskillende doelen: fan it hâlden fan gearkomsten oant it ferbergjen fan ûnderdûkers, wapens en bonnen. Dy froulju soene omskreaun wurde kinne as ‘verzetsechtgenotes’. Harren fersetsaktiviteiten wiene direkt ôflaat fan dy fan harren man. Se wiene hast altyd op ’e hichte fan wat dy die en joegen him (morele) steun. It oandiel fan dy froulju wie relatyf grut, ommers: de measte fersetsmanlju wiene troud en foar harren wie it dreech, of sels ûnmooglik, om harren wurksumheden hielendal foar de frou te ferbergjen. Yn hoefier’t froulju op ’e hichte brocht waarden fan it krekte wurk fan harren man, ferskilde. Guon manlju fertelden harren frou alles, yn oare gefallen wist dy allinnich dat er ‘wat die’. Mar de froulju waarden suver nea kompleet ûnwittend hâlden.

Ut de tsjûgenissen fan fersetsmanlju blykt dat de grutte mearderheid fan de froulju har man yn it ferset oanmoedige. In inkeling makke har wolris soargen. Sa skreau in NBS-kommandant fan Snits yn syn ferslach oan de kommisje fan Y.N. Ypma: “[Mijn] vrouw was soms zeer bang, of ik wel weer levend terugkomen zou.” Mar der wie benammen in soad stipe. In gemeentesekretaris fan Dantumawâld skriuwt: “Mijn vrouw heeft mij in het verzetswerk volledig gesteund en heeft daadwerkelijk meegeholpen in het verzorgen van onderduikers.” Op in sekere dei wiene der by dy húshâlding sels 21 ûnderdûkers yn ’e hûs. Bytiden naam in frou de taken fan har man oer, bygelyks yn gefal fan sykte. It grutste part fan de fersetsmanlju wie fol lof oer de hâlding fan de frou. Wurden as ‘reusachtig’ en ‘heldhaftig’ oerhearskje yn harren reaksjes. Dochs wie der in inkelde frou dy’t net hielendal op ’e hichte hâlden waard. Sa skriuwt in Kollumer skoalmaster: “Mijn vrouw wist wel dat ik illegaal werk deed, maar hoe en wat niet precies.”

Húshâldings ûnderfûnen ek geregeld de gefolgen fan it fersetswurk fan heit. It kaam foar dat frou en bern ek ûnderdûke moasten. Yn oare gefallen wiene de gefolgen better te oersjen. Ien fan de respondinten skriuwt dat syn frou har fyts troch it fersetswurk kwytrekke is, mooglik yn de hoop dat de feriening foar in nijen soargje soe.

‘It ferset’ bleau net beheind ta de manlju op it striidtoaniel, mar wreide him ek út nei de húsfroulju, oarehelten, memmen, oansteanden en freondinnen, dy’t dêr yn guon gefallen it heechste offer foar bringe moasten.

Opfallend is dat dy froulju sels meastentiids gjin lid wiene fan de feriening. Dêrtroch is de ‘verzetsechtgenote’ ûndersnijd rekke yn de skiedskriuwing. Mar dat wol net sizze dat se der net wie. It is goed mooglik dat as in man al lid wie fan de feriening, syn frou it fakernôch net nedich fûn om ek lid te wurden. Dat is yn oerienstimming mei har rol yn de tiid fan de besetting, wêrby’t se har ek op de eftergrûn hold.

Mar dat de ‘verzetsechtgenote’ en de ‘verzetsmoeder’ wol deeglik bestiene en dat harren wurk fan grut belang wie, dat docht wol bliken út in oare boarne, it register fan Yad Vashem. Dy organisaasje jout ûnderskiedingen oan ‘rechtvaardigen onder de volkeren’: net-Joaden dy’t mei gefaar foar eigen libben Joaden holpen ha. Sawat de helte fan de dragers fan de Yad Vashem-medalje is frou. Dêrút docht dus bliken dat in beslút lykas it helpen fan ûnderdûkers altyd yn oerlis naam waard, as húshâlding. Sa as de Fryske histoarikus J.J. Huizinga it ferwurde: “De gezinsuitbreidingen moesten vooral worden opgevangen door de kokende, wassende en verstellende huisvrouw.” De ‘verzetsechtgenote’ fierde har fersetswurk net as yndividu út, mar as ûnderdiel fan har húshâlding.

Dat der in soad froulju wiene dy’t op de ien of oare wize by it ferset belutsen wiene, betsjut net dat sy bepalend wiene yn de beslútfoarming. De útspraak fan Anne de Vries, dat wy “zonder twijfel kunnen aannemen, dat het aandeel der vrouwen in het verzet voor dat der mannen niet heeft ondergedaan”, liket dus mar foar in part te klopjen. De ynfloed fan froulju wie beheind en se waarden net by alle aspekten fan it fersetswurk belutsen. It ferset bleau in manljusbolwurk. De froulju yn it ferset waarden priizge om harren moed, mar de funksje dy’t harren taskreaun waard, kaam oerien mei it yn de jierren fjirtich besteande rollepatroan fan de frou as fersoarchster en de man as natuerlike lieder. Dat byld moat yntusken wat bysteld wurde. It is dúdlik wurden dat de bydrage fan froulju dy’t op direkte of yndirekte wize by it ferset belutsen wiene net ûnderskat wurde moat. Want: efter eltse sterke man stie in sterke frou. ‘It ferset’ bleau net beheind ta de manlju op it striidtoaniel, mar wreide him ek út nei de húsfroulju, oarehelten, memmen, oansteanden en freondinnen, dy’t dêr yn guon gefallen it heechste offer foar bringe moasten.

Dizze tekst is basearre op myn masterskripsje Omdat God het van mij vroeg. Karakter en motief van de Friese verzetsstrijder, 1940-1945, skreaun foar de oplieding Skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins (2013).

 

Bibliografy

  • Rogier van Aerde e.a. (red.), Het Grote Gebod. Gedenkboek van het verzet in LO en LKP, I en II (Kampen, 1979).
  • Otto Kuipers, Voor vrijheid en recht. Inventaris van de archieven van de Vereniging “Friesland 1940-1945” en het door haar verzamelde en verworven documentatiemateriaal (Leeuwarden, 1995).
  • Rechtvaardigen onder de Volkeren. Nederlanders met een Yad Vashem-onderscheiding voor hulp aan joden, útjefte Yad Vashem (Uitgeverij L.J. Veen y.g.m. NIOD, 2004).
  • Ype Schaaf, Dodelijke dilemma’s in het Friese verzet. Het veemgericht en Esmée van Eeghen (Franeker, 1995).
  • Geart de Vries, Foar alles is in tiid. It libbensferhaal fan Tiny Mulder (Ljouwert, 2006).

 

Argiven

  • Tresoar, argyf fan de feriening ‘Friesland 1940-1945’ (oanfolle mei ynformaasje út it argyf fan it Fries Verzetsmuseum).
  • www.volkstellingen.nl (de telling fan 1930).
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.