• 14 november 2016

    MARRE SLOOTS -  Wat moatte jo hjoeddedei dwaan om Fryske boeken oan de man te krijen? Gewoan âlderwetsk ferkeapje yn de winkel? Digitaal oanbiede yn de foarm fan e-books? Of mei de boeken yn de kroade by de doarren del? Neffens Wieke de Haan dogge je dat oars: organisearje in Frysk multymediaspektakel mei muzyk, gedichten en ferhalen.   We wolle graach dy âlde, fertroude doelgroep [...]

  • 11 oktober 2016

    MARRE SLOOTS -  Skriuwer en programmamakker Bart Kingma is troch de sjuery fan it projekt ‘Oare Wurden’ útkeazen om nei it Baskyske San Sebastian te reizgjen. Hy sil dêr acht wiken trochbringe om ynspiraasje op te dwaan foar it skriuwen fan syn roman. Ik praat mei him as er ûnderweis is nei syn bestimming. Wêr bist no? Ik stean no earne tusken Parys en Orléans op in [...]

  • 24 mei 2016

    MARRE SLOOTS -  Nei 70 jier lang om let nij boek oer oarlochstiid yn Grou Wa wie de ferrieder fan de fersetsgroep fan Grou? Jierrenlang wie dat de fraach dy’t it doarp oan de Pikmar dwaande hold. Mar deroer prate, dat die men net nei de oarloch. It hie west. Yn dy swijsume mienskip groeide skriuwer Ulke Brolsma op. As jonkje lies Brolsma it boek [...]

  • 6 mei 2016

    MARRE SLOOTS -  “Ik ha Jo yn it kistke sjoen. Hielendal ûnbeseard, gjin skramke te sjen. Hja liket stoarn te wezen troch de loftdruk. Is it net in griis?” Op 17 septimber 1944 misten 215.000 kilo oan Alliearde bommen har doel, de fleanbasis by Ljouwert. Yn stee dêrfan rekken se Bitgum, Bitgummole en Ingelum. It boppesteande fragmintsje komt út in brief út it famyljeargyf fan [...]

  • 3 mei 2016

    MARRE SLOOTS -  Penjum op syn moaist, sa omskriuwt bestjoerslid en byldzjend keunstner Stefan Belderbos it doarp tidens it jierlikse keunstfestival ‘Kunst Achter Dijken’. Fanôf 6 maaie is it wer safier. In spektakel fan theater, film, byldzjende keunst en muzyk. En dat allegear mei it tema ‘ljocht’. Sa lang bestiet it lytse mar ambisjeuze festival noch net yn dizze foarm. Yn 1997 begûn in lyts [...]

  • 22 april 2016

    MARRE SLOOTS -  Tsja, as je oan in Twadde Wrâldoarloch-freak as ik freegje om in stikje te skriuwen oer myn favorite boek, dan hoech ik dêr net sa lang oer nei te tinken. Hoewol’t de Twadde Wrâldoarloch it tema is fan de grutte mearderheid fan de boeken yn myn boekekast, springt dizze der echt út. Fanwege it oantal kear dat ik it lêzen ha, mar [...]

  • 9 februari 2016

    MARRE SLOOTS - In ‘slijpsteen voor de geest’, sa neamt gastfrou Marijke Roskam dizze debatjûn, woansdei 3 febrewaris yn it Keunstwurk-gebou yn Ljouwert, organisearre troch Keunstwurk en de Moanne. Underwerp fan it gesprek: keunstedukaasje. It is de twadde debatjûn yn in rige fan fjouwer. Allegear oer de rol fan keunst en kultuer yn ús maatskippij. Oan it wurd komme dizze jûn saakkundigen, learlingen en dosinten. [...]

  • 14 januari 2016

    MARRE SLOOTS -  Yn 1682 krige de Fryske wiskundige en arts Bernardus Schotanus à Sterringa opdracht foar syn Uitbeelding der Heerlikheit Friesland; zoo in ’t Algemeen als in Haare XXX bijzondere Grietenijen, better bekind as de Schotanus-atlas. No, presys 333 jier letter, is de atlas opnij te krijen. Hânbûn, ynklusyf mei goudpigmint ynkleure ôfbyldings en fan ‘oudhollands gevergeerd papier’. Foar de leafhawwer, dat wol: in [...]

  • 17 december 2015

    MARRE SLOOTS -  Filmkolleksje Brouwer jout dûbel byld fan Dokkum yn de lêste oarlochswinter Seis wike lyn kaam Ewoud Brouwer út Leiden nei it Fries Fersetsmuseum. Mei in tas fol âlde 8 mm films. En in ferhaal. Fusillearing Ewoud Brouwer is de soan fan Oeds Andries Brouwer (1909-1977), fersetsman en de makker fan ien fan de meast bysûndere stikjes oarlochsfilm yn Nederlân: de bekisting fan de [...]