Spreadsheet-lul

Achte hear Brouwer,

Miskien is it wat flau om it plaatsje te romantisearjen, mar ik fûn it in moai byld: trije sjirurgen op in stoepke, blaubekjend yn de Dokkumer kjeld, mar op likese hichte as it folk, en mei de blik op de minsken rjochte. Gjin papieren, gjin laptops, gjin ferwaarming. Gewoan it spul yn de eagen sjen en útwikselje wat jim mei elkoar wolle en hoopje.

Jo binne krekt as ik, in bern fan de betide jierren santich. In tiidrek dêr’t sa stadichoan elkenien klear de gek mei hat. “Trochsleine demokratisearring”, wurdt dan smeulsk sein, of mei begrutsjen oer ús eigen naïviteit: “Doe leauden we noch yn in ‘maakbare samenleving’, hahaa!” Ja, dat we ea sa dom west ha om te tinken dat we sels ynfloed ha koenen op hoe’t we wolle dat de wrâld derút sjen moat. It doarp dêr’t ik opgroeide krige yn dy jierren in moai swimbad, in goeie gymseal, bibleteek, bejaardehûs. Betocht en opset troch idealistyske bestjoerders: minsken út it fak en út de eigen mienskip. How naive.

Lit jim in foarbyld wêze foar alle spesjalisten, yn de soarch, it ûnderwiis, de sjoernalistyk, de kultuer en al dy oare fakgebieten. Dan wurdt ‘maakbaar’ miskien wer ‘haalbaar’.

Aldergelokst kamen de saneringen fan de jierren tachtich, om fluch ôf te weven mei ús idealisme. En dêrnei de liberalisering, skaalfergrutting en professionalisering. Dat wie ommers de iennichste wei om de foarútgong bysloffe en beteljen bliuwe te kinnen. En dat frege om in nij type bestjoerder: de manager. De manager koe grut tinke, prosessen oanstjoere, en hie gjin lêst fan bline leafde foar it fak en foar de minsken.

De manager. In freon fan my neamt him konsekwint ‘spreadsheet-lul’. De manager sette alle sifers op in rychje en rekkene ús foar dat it fierder útbouwen fan ús idealen wat djoer waard. It behâld fan wat we hienen wie al hiel wat. ‘Maakbaar’ koenen we better downgrade nei ‘leefbaar’. Om de boel leefbaar te hâlden sette de manager yn op fuzy’s, efficiency-slagen en automatiserings-operaasjes. Alles finansierd mei liend jild fansels, want earst sels sparje wie in belestingsûnde wurden. En sa waarden de managers de poppen oan de toutsjes fan banken, oandielhâlders en ynvestearingsmaatskippijen.

Soms wurdt it ek de spreadsheet-lul te machtich. Dan hat syn organisaasje ynienen in skuld fan 40 miljoen, of beswykt syn prachtige ieuwenâlde krantebedriuw troch mismanagement samar ûnder in rintelêst, of kin er neat oars betinke as 500 flechtlingen yn ien gebou triuwe, of jout er syn lânskip út hannen oan in dubieuze enerzjy-lobby.

En sa binne we yn fjirtich jier tiid fan maakbaar, fia leefbaar, nei ‘breekbaar’ gien. Alles wat we ea mei rjocht en reden belangryk fûnen as maatskippij kin no samar ynienen stikken gean, omdat we de kontrôle oer ús eigen wrâld kwyt binne. It folk wie dat al, de spreadsheet-lullen reitsje it mear en mear.

Miskien moat de rêding komme fan spesjalisten. De bêste fakminsken, dy’t leafde ha foar it ambacht, each ha foar nije ûntwikkelings, altyd op syk binne nei ferbettering, mar foaral: de brêge binne tusken it folk en de manager. In spesjalist begrypt dat der fernijd wurde moat, is net blyn foar de finansjele kant hjirfan, mar hâldt altyd it each op de minsken. Dêr wurket er ommers noch altyd foar.

Dat jim it oandoare om mei in eigen plan foar jim sikehûs te kommen is dus allinnich al om dy reden in aksje dy’t alle oandacht, wurdearring en stipe fertsjinnet. Lit jim in foarbyld wêze foar alle spesjalisten, yn de soarch, it ûnderwiis, de sjoernalistyk, de kultuer en al dy oare fakgebieten. Dan wurdt ‘maakbaar’ miskien wer ‘haalbaar’.

Set ‘em op, bliksem!

 

Bart Kingma

 

 

Comments
2 reaksjes oan “Spreadsheet-lul”
  1. Briljant !! No haw ik net folle tiid want ik wol mear fan dit soart dingen pleatse , mar hawar ; Mei ik it linke ??

  2. Bart Kingma schreef:

    Jawis

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.