Spinroc

JOSSE DE HAAN – 

 

Guus Middag, ‘Met een bevroren jas en een geleend tientje’

Herinneringen van Thérèse Cornips, Van Oorschot (2015), 232 siden

 

Sûnt in jier bin ik dwaande mei in roman dy’t foar in part yn Bergen (NH) spilet – wurktitel In winter oan see mei Colleen (frij nei A. Roland Holst syn bondel Een winter aan zee – 1937). Dichters, skriuwers, skilders, groepys en oar literêr folk fleane oer de siden fan de roman.

Yn dat boek (autofiksje) spilet Chris van Geel in bysûndere rol, èn de oersetster Thérèse Cornips. Sij kaam yn 1952 by de dichter Chris van Geel yn Groet en besleat dêr te bliuwen. Se wie 26, hy 35. Yn de bondel Spinroc en andere verzen (1958) spilet Cornips = Spinroc in haadrol. My fassinearre dat daalk – de muze Spinroc dy’t yn in bondel foarkomt. En dan ferskynt der yn april l.l. in boek oer dat frommeske dêr’t se fertelt oer har libben (se is no 89).

Chris van Geel hat my fanôf syn earste bondel yn ’58 fassinearre. Net allinne syn fersen, mar ek syn surrealistyske objekten en tekeninkjes/kollaazjes (dikdoeners) sprutsen my oan. Hy hat publisearre yn WO-II yn De Schone Zakdoek fan Theo van Baaren en Gertrude Pape – in surrealistysk blêd foar in grut part.

Ik wist dat Spinroc omdraaid de namme fan Therèse Cornips wie, mar mear ek net. It klonk magysk en geheimsinnich yn myn earen, ek surrealistysk, ferwizend nei ûnbewuste wrâlden. Doe’t ik yn Schagen wurke en wenne haw ik in soad omslein yn Groet, Camperduin, Bergen en omkriten. Dy wrâld ynspirearre my. Nescio, Roland Holst, Lucebert en en Van Geel wennen dêre.

De essayist/kritikus Guus Middag hat yn 1993 it Sammele wurk fan Chris van Geel besoarge. No hat er nei in 25 praatsessys mei Thérèse Cornips – foar in grut part oer har libben mei Van Geel fan 1952 oant 1962 – in boek mei herinneringen fan Cornips skreaun. Ik hie al in wat ‘fantastysk’ byld fan dizze frou dy’t it tsien jier úthâlde yn de earmoedige sitewaasje fan Van Geel yn Groet. Dat moast óf in grutte leafde west hawwe, óf in fassinaasje foar de letteren, óf beide. Dat lêste hat it gefal west. Spinroc (soms mei in k) is yndied ien fan de seldsume froulju dy’t folslein frij yn de wrâld stean, op in natuerlike wize leaf hawwe, dat allegearre ferbine mei de poëzy en dêrtroch út, mei en yn literêre taal besteane.

Guus Middag hat in delslach fan Cornips’ leafdes en libben skreaun, sa’t Chris van Geel mei de bondel Spinroc syn ferslach fan in leafde mei Thérèse skreaun hat. Middag fertelt de ferhalen fan Cornips op in wize dat dizze frou de ferpersoanliking wurdt fan in tiidperk, mei de klam op de literatuer – orizjineel wurk en oersetten.

Thérèse Cornips hat jierrenlang oersetster west fan wichtige skriuwers, neidat se tsien jier lang Van Geel holpen hie mei syn fersen en de fariaasjes fan dy fersen. Ik tink dat je mei rjocht en reden sizze kinne dat Thérèse Cornips mei har prachtige oersettings fan bgl. Leduc, Capote, Clézio, Duras, Bataille en benammen fan Proust, én mei har literêre leafdes, in echte Femme de Lettres is (hjir posityf bedoeld).

Thérèse Cornips hat gjin maklik libben hân, mar wol in fassinearjend libben yn en mei de literatuer. Michaël Zeeman skreau oer in Proust-oersetting: ‘Het is opnieuw taalles krijgen, omdat het Nederlands een nieuw aanzien krijgt door haar vertaling’.

As je fan literatuer hâlde, fan oersettings én fan literatuermuzen dy’t wat oandoare, dan is dit boek in must. Roland Holst skreau Een winter aan zee, Chris van Geel makke ûndersteand fers oer en foar Thérèse:

 

DAME AAN ZEE

Zij doet haar borsten uit haar bloes,

de een en twee.

Zij liggen nu als los op haar geklede lijf.

Een zonechtpaar.

De tepel als een anjer,

de zogenaamde roos.

Haar voeten spelen met elkaar,

rusten in het zand.

De zee is niet groen, niet grijs

(út: Spinroc,1958)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.