Slet

Achte hear Van Haersma Buma,

Mei nocht en wille en sa no en dan in read earke siet ik sneon de slettenspesjal fan De Volkskrant te lêzen. It ûnderwerp ‘slet’ waard fan alderhande kanten beljochte, en dat smiet leuke, smoute mar soms ek echt ynteressante ferhalen op oer de oarsprong en funksje fan sletterich gedrach – foar de slet, mar ek foar dejinge dy’t in aventuerke belibbet mei har.

Jo sille it net lêzen ha want jo wienen sneon oan it wurk yn Ljouwert, dus ik sil it eefkes koart útlizze: in slet is in frommes mei wa’t hast elkenien it wol in kear dwaan wol of dien hat, mar dy’t troch de brûkers dêrnei ek likehurd wer oan kant skood wurdt, omdat nimmen it sitten sjocht om mei har in duorsume relaasje oan te gean. Dêr is se dan wer net kreas, beskaafd of betrouber genôch foar, tinke dy keardels, dy’t dat op it moment suprême blykber net sa beswierlik fûnen. Mar se binne har ivich tankber, want de slet hat harren wol oer de drompel fan geil genot holpen, en dêr ha se har hiele fierdere libben profyt fan. En se tinke stikem ek noch wolris mei langstme oan har werom…

Ik hie myn holle der dus miskien net hielendal by, doe’t ik letter dy deis jo speech weromlies. It begûn mei in ferhaal oer jo jeugd yn Fryslân, en oer jo heldhaftige âlvestêdetocht yn ’86. En dan noch eefkes troch op it noflike, fertroude karakter fan dizze streek, en de hechte ‘mienskip’ – fansels mocht dat lêste wurd net ûntbrekke. In soarte fan ideaalbyld fan de maatskippij, sa setten jo ús provinsje del.

Dat wie in moai begjin.

Mar dêr koenen jo fansels net yn hingjen bliuwe. It ferhaal moast fierder. It gie oer in sterke ekonomy, en jo neamden allegear foarbylden. It gie oer banen, en wat Den Haach dêr wol en net oan dwaan kin. It gie oer belestingskiven. The real thing.

De namme Fryslân foel net mear.

En sa skeat my ynienen de oerienkomst troch de holle. Fryslân is jo slet. In moai frommes om nochris op werom te sjen, om te tinken: ‘Ja, dêr haw ik it lekker eefkes mei dien doe’t ik noch jong en nayf wie. It hat my in soad leard, en ik ha dêr fan it goeie libben preaun.’ Mar in duorsume takomst giet om banen, om groei, om ûntwikkeling, om sterk en grut wêze. En dêrfoar is dit frommes fansels net serieus te nimmen.

Oan de ein fan jo ferhaal kamen jo wer eefkes werom by dat 200 km-parcours fan ’86. Jo hienen der in soad oan te tankjen, mar binne no te âld om der nochris oerhinne te riden. En dus hâlde jo it by in waarme herinnering en stikem langstme, en jouwe oaren de kâns om it genot te smeitsjen. Dat is nobel.

Jo hawwe it my folslein helder makke: Fryslân is de slet fan it lân. Elk wol it der in kear mei dwaan, elk soe eins altyd wol sa libje wolle, mar as it der op oankomt wurde we gau oan de kant skood, net as in serieuze partner besjoen; binne wy net mear as in gleon oantinken oan puberale romantyk.

Gau pakte ik de slettenspesjal werom. En kaam yn it ferhaal fan de eardere porno-aktrise Sasha Grey, dy’t útleit dat de slet uteinlik de measte macht hat oer al dy keardels, dat sy it earlikst en iepenst fan allegear is en boppedat de measte wille deroan belibbet.

It’s okay to be a slut. Dêr knapte ik wol fan op. Wannear komme jo hjir wer?

 

Mei heechachting,

Bart Kingma

Comments
2 reaksjes oan “Slet”
  1. josse de haan schreef:

    Dit is in ferdeald goeie klum Kingma.
    Myn fraach oan Buma soe wêze:
    Wannear betelje jo dat geniet oan Fryslân werom?

  2. J. schreef:

    prachtich stikje! Ha it mei protte wille lezen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.