Slapstick mei in reade tried

ELSKE SCHOTANUS – 

It dekôr fan ‘The Great Wonder’ fan Pepijn Gunneweg, 20 february yn it Posthûs op It Hearrenfean, is dat fan it fariëteeteater út de jierren tritich mei inkelde meubelstikken út oerbeppe har tiid. Op it poadium riede de frou mei trije boarsten, in reus fan in fint dy’t derút sjocht as in Fiking, in direkteursfiguer mei in grou liif en in broek mei galgen en in lange slongel yn rútsjepak har ta troch mei alderhande atributen en muzykinstruminten om te tôgjen. Oant de foarstelling begjint spilet ‘Smile’ troch de lûdsprekkers: Smile though your heart is aching, smile even though it’s breaking (…) fan Nat King Cole dy’t it yn 1954 útbrocht. De meldij is lykwols âlder, dy komt út de Charlie Chaplinfilm ‘Modern Times’ (1936).

 

Musisy dy’t no en dan ek aktearje: Smile!

 

Mei syn bolhuodsje op referearret Pepijn Gunneweg dan ek oan de King of Slapstick Charlie Chaplin, tagelyk sitte der alderhande gûcheltrúks yn The Great Wonder. It is gjin moaie frou dy’t yn in kiste middentroch seage wurde sil, mar in knyn, in pluzen bist dat dêr gjin nocht oan hat en om dy reden ûnder hypnoaze brocht wurdt. De trúk mislearret, it wite knyn ferliest syn kopke. Mei in pypke wurde sjippebûltsjes blaasd, as dy út elkoar spatte komt der reek út oant der in bûltsje is dat er fêsthâlde kin, yn twa helten útelkoar hellet. Ien bûle is grutter as in skippybal, syn holle ferskynt yn de bal, feroaret yn in foetus en Pepino – in lapkepop – wurdt berne. In prachtige, hilaryske en tagelyk betsjoenende sêne dy’t in bytsje flau wurdt as Pepipo út trije boarsten syn tate hellet. Der is in sêne à la Romeo en Julia mei in prachtich sjongende Nienke Caljouw yn it finster en in Romeo dy’t, mei syn muzykynstrumint by him, besiket har te berikken troch yn in peal omheech te klimmen: romantyk én klownerie. Sa falt der hiel wat te laitsjen en te applaudissearjen, bygelyks as in goudfisk in deadesprong meitsje moat en om de requimachtige sêne dy’t folget as it net slagget om de fisk te reanimearjen.

The Great Wonder, as titel slacht miskien wol minder op ’e magyske dan wol absurde acts as op it ferhaal fan berte, stjerre en wer opstean út ’e dea. Pepino, berne út in sjippebûl en oan de ein deasketten, komt op ’e nij ta libben as de man dy’t, foardat de foarstelling begûn út it publyk helle waard, syn masker ôfdocht. It is de reade tried, mar der binne mear reade triedsjes. Dêrby soe it grutte wûnder sa grut net wêze as de muzyk net sa’n wichtige rol spile. In trúk is gjin trúk sûnder it roffeljen op ’e tromme. Hoempa-hoempa of piano, oargelspul of hardrock, Meksikaans of lieten meitsje spannende en romantyske of poëtyske, wrede en boartlike sênes – al slaan dy ek wolris om yn oanstellerij of flauwichheden – ta in geniet. Mei tank oan it orkest dat bestiet út sjongeres en fioliste Nienke Caljouw, Arno Bakker ûnder mear op tromboane, Rombout Stoffers op ’e akkordeon en slachwurk en pianist Daniel van der Duim, musisy dy’t no en dan ek aktearje: Smile!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.