SKIMER: Unmjitberens

Publisearre op 25 augustus 2014

GRYTSJE SCHAAF – 

Sa’n lân is sa dochs oars. Wy binne gjin toeristen, mar oan it wurk en dus mei in hiel oar each op paad. Fjouwer ferskate plakken moatte gau ynsichtelik makke wurde. De minsken, it lânskip, harren ynteraksje, it wenjen, it wurkjen, de ferhalen: foar elk fan ús falt der in hiel soad te heljen. En dan binne der ek noch kaders, yn de foarm fan in tiidsramt, de ferbliuwsplakken en fansels in projektplan. Foar de ien in segen, foar de oar somtiden in belemmering. Der is foar ús gjin bewiis nedich fan it ‘Ik bin hjir west, sjoch mar’. We leverje mei ús wurk ommers gjin ôfdruk fan in yndruk, mar in eigen blik en ferdjipping. 

De poëzij fan it eksakte, sa as se it sels neamt, en de ûnmooglikheid dêrfan.

Faak begjint it wurkproses mei it sjen nei de dingen dy’t ôfwike, oerienkomme of soms ôfgryslik moai binne. Dan folget hiel gau de fraach oft je der dan wat mei kinne en wurde saken ûndersocht en analysearre yn sketsboekjes, miniatueren en foto’s. Guon ideeën wurde yn de groep goaid, op oaren wurdt stil fierder bred, befinings wurde útdjippe en skerpstelt. En hiel faak giet der dan dochs wer in dikke skras troch en begjint it hiele proses wer op ‘e nij. Sa’t der wol sein wurdt: it giet om 1 prosint ynspiraasje en 99 prosint transpiraasje.

De omgang mei tunen, mêsten dy’t mei dwerse rjochtlinicheid troch it lân brekke, it keurich rjocht omtreaune bankje yn de sneue botanyske tún fan Bolungarvík (soe immen him ea wer oerein sette?), de giele pealtsjes lâns de diken, wyldgroei yn ferlitten kassen of de skeve hoarizon. Skras, skras, skras.

It sketsboek fan Grytsje Klijnstra stiet fol mei eksploraasjes, observaasjes, oansetten en útwurkings yn tekst en tekening. Se is yn har wurk benammen ynteressearre yn mjitberheid fan abstraksjes. De poëzij fan it eksakte, sa as se it sels neamt, en de ûnmooglikheid dêrfan. Se ûnderfûn dat op it momint fan fêstlizzen, yn in lân as dit, de eachopslach hast eltse kear te koart sjit. Yn har ûndersyk nei it eksakte wol Grytsje dan ek in wize fine wêrop’t sy as keunstner tusken it wiernimbere ferskynsel en it risseltaat útstappe kin.

 


Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar de Moanne dogge sy ferslach fan dizze reis. Besjoch ek it earste diel Brûzje, it twadde diel Fisk(ur), it tredde diel Fitraazje en it fjirde diel Projeksje

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar harren betsjut [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 2: Fisk(ur) By de Yslanners sit fisk yn it bloed. Harren ekonomy draaide der op en oeral sjochst de fisk as [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 3: Fitraazje Foar de bewenners fan fiskersdoarp Bolungarvík is de isolearre lizzing fan harren wenplak in diel fan harren wêzen. We [...]