SKIMER: Fitraazje

Publisearre op 19 augustus 2014

GRYTSJE SCHAAF – 

Post 3: Fitraazje
Foar de bewenners fan fiskersdoarp Bolungarvík is de isolearre lizzing fan harren wenplak in diel fan harren wêzen. We kamen ûnferwachts telâne op in famyljefeest in pear huzen fierderop. Beppe wie 90 wurden en de famylje fan 68 leden fierde dat op útlitten wize, mei lûde, falske seemanslieten en in soad fiskerslatyn. Foar de dei dernei waarden we útnoege foar it moarnsiten by ien fan de soannen.

Dêr kamen de earste ferhalen oer ferlerne heiten, mannen en bern. Letter folgen lyksoartige skiednissen by oare doarpsbewenners. Net allinne de see easket libbens, mar ek lawines op de berchdiken en it hoedzjen fan de skiep yn it rûge lânskip soarget foar tragyske ûngelokken. Achter eltse doar fan de yn ús eagen sletten en ferware húskes yn Bolungarvík skûlet in efterbliuwen.

De relaasje tusken Yslanners is pragmatysk, oprjocht en hat boppedat in flinke fleuch romantyk, seks en leafde.

Mar, nei mislearre houliken, ferlerne mannen en frouwen wurde nije leafdes fûn en folgje nije houliken en bern dy’t muoiteleas opgeane yn de eardere libbens. It binne tsjûgen fan in fearkrêft dy’t wy oeral op Yslân tsjinkomme. Gjin opsmûk, gjin pretinsjes en ‘samskip’: hjir is it mei te dwaan, tegearre de skouders derûnder en foarút. Praktysk, mar de waarmte fan de minsken hjir is opfallend. De relaasje tusken Yslanners is pragmatysk, oprjocht en hat boppedat in flinke fleuch romantyk, seks en leafde.

Oer dit gegeven wol Heleen mei har wurk ferhale. Achter de butsen, de roast, de lytse ruten mei ûnhandich ophongen fitraazjes en skilfere ferve kiest men derfoar om de enerzjy yn it foarútgean te stekken en stikem te dreamen fan leafde. Har earste oansetten registrearje dizze dûbeling yn byld, skets, tekst en ynstallaasje.


Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar de Moanne dogge sy ferslach fan dizze reis. Besjoch ek it earste diel Brûzje, en it twadde diel Fisk(ur)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar harren betsjut [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 2: Fisk(ur) By de Yslanners sit fisk yn it bloed. Harren ekonomy draaide der op en oeral sjochst de fisk as [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 4: Projeksje Yn de leechte fan Yslân ferfaget de grins tusken ferbylding en werklikheid. It helle ljocht yn de simmer en [...]