SKIMER: Projeksje

Publisearre op 21 augustus 2014

GRYTSJE SCHAAF – 

Post 4: Projeksje
Yn de leechte fan Yslân ferfaget de grins tusken ferbylding en werklikheid. It helle ljocht yn de simmer en it tsjokke tsjuster yn de winter docht wat mei de fantasy fan de minsken. De wolken foarmje swarte plakken op de bergen en delten, yn it ljocht fan in leechsteande moanne krije rotsen gesichten en de hurde wyn hat somtiden in stim.

De leechte fan it lân makket dat de dingen dy’t der wól binne, hast automatysk mear wearde krije. Fûgels, hynders en skiep krije in mytyske status, en bergen, rivieren en beamen foarmje harren dekor. Krassende raven wurde boadskippers en de fjildûle in orakel. De mannichte ferdwiningen fan minsken yn dit rauwe lânskip fersterkje dit nochris. Ek foar José krije in pear grillich foarme tûken – op in plak sûnder beammen – as fansels nije betsjuttingen. It jonkje lâns de dyk kin sa yn in boek.

Eltse jûn soarget syn mem dat de Skyr foar de oare moarns fuort is.

Dat jonkje krijt ferhalen te hearren dy’t fan generaasje op generaasje trochjûn wurde. Hy hat – lykas de measte oare bern – de namme krigen fan in karakter út de Edda. Hy leaut noch yn in oare wrâld: eltse jûn set hy in bakje Skyr bûten foar de trollen. En eltse jûn soarget syn mem dat de Skyr foar de oare moarns fuort is.

José sjocht dat de Yslanners harren op dizze wize sterker ferbine mei it lân en de ferbylding dy’t him sa iepenbierrt. Se wol yn har wurk dy ferbining ynsichtlik meitsje en de leechte in oare betsjutting jaan.


Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar de Moanne dogge sy ferslach fan dizze reis. Besjoch ek it earste diel Brûzje, it twadde diel Fisk(ur) en it tredde diel Fitraazje.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar harren betsjut [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 2: Fisk(ur) By de Yslanners sit fisk yn it bloed. Harren ekonomy draaide der op en oeral sjochst de fisk as [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 3: Fitraazje Foar de bewenners fan fiskersdoarp Bolungarvík is de isolearre lizzing fan harren wenplak in diel fan harren wêzen. We [...]