fotografy: Sigrid Kingma - Foto: Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem

Sigrid Kingma is Dichter fan Fryslân

Sigrid Kingma (Drachten, 1989) is op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Sietske Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Sigrid Kingma folget dêrmei Nyk de Vries op dy’t mei de presintaasje fan syn nije dichtbondel Asman ôfskied naam fan syn funksje.

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma: “Ik bin út ‘e skroeven oer myn beneaming ta Dichter fan Fryslân! De rol fan Dichter fan Fryslân past by myn wurkwize as dichter. Ik sykje poadia op, ha in skerp each foar wat der spilet en stribje der hieltyd nei om út te stiigjen boppe it deistige. De kommende twa jier wol ik ek brûke om poëzij in breder berik te jaan troch keunstfoarmen te kombinearjen.”

Sigrid Kingma (twadde fan links) op it Skotske poëzijfestival StAnza yn 2018

As Dichter fan Fryslân treedt Sigrid Kingma yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Se skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Annemarie Lindeboom, Cilla Geurtsen en Tsead Bruinja (foarsitter), hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

Ut it sjueryrapport:
“Sigrid Kingma presintearret harsels fol oertsjûging. Se sjocht je rjocht oan by har foardracht: se komt binnen. Har gedichten binne tagonklik, mar se hantearret net de meast foar de hân lizzende wurdkar. De poëzij fan Kingma is fan no, mar komt boppe it deistige út. It is ierdske poëzij mei in djippere laach.” In oar sjuerylid neamde har gedichten “helder en ferheljend, boartlik en persoanlik.”

By de earste ferkiezing foar de Dichter fan Fryslân hie Kingma al ynteresse yn de titel. Se stjoerde in gedicht yn dat mei de gedichten fan Meindert Talma en Eeltsje Hettinga nominearre waard. De sjuery skreau doedestiids oer har: “In ferfrissend hjoeddeistige ynstek as tematyk foar de poëzij en ynset fan it dichterskip makket dat wy har in útdaagjende stim fûnen om Dichter fan Fryslân te wurden.”

Kingma wurdt waarm fan fulkanen en tekene sels it omslach foar har bondel

Hotpants & trui
By de presintaasje fan har bondel Reade Triedleas / Red Wireless yn 2016, omskreau Joost Oomen har entree yn de Fryske literatuer ‘het in hotpants binnenstappen van een literaire zaal vol heren en dames in pak en mantelpak.’ It is in twatalige bondel, Frysk-Ingelsk. Trevor Scarse sette de Fryske gedichten oer. Kingma wennet yn Grins. Njonken har dichtsjen en skriuwen is sy ek op oare mêden literêr aktyf, ûnder oaren as bestjoerslid fan it Simke Kloostemanlien. Har earste fers skreaun as Dichter fan Fryslân hjit fan Trui.

Sjoch ek:

Webstek Sigrid Kingma

Presintaasje Bondel Reade Triedleas

Gedicht Trui 

Omrop Fryslân: Sigrid Kingma beneamd ta nije Dichter fan Fryslân

Sigrid Kingma op Sirkwy

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.