fotografy: Jan Versweyveld

Scènes uit een huwelijk

ELSKE SCHOTANUS

It ITA, Internationaal Theater Amsterdam (earder Toneelgroep Amsterdam) brocht, 15 maart yn De Harmonie yn Ljouwert, ‘Scènes uit een huwelijk’, in toanielbewurking fan de film fan regisseur Ingmar Bergman oer Johan en Marianne dy’t elkoar yn harren houlik it libben soer meitsje.

 

Dat alle akteurs, mei alle ferskaat oan emoasjes, in geweldige aktearprestaasje leverje, docht der neat oan ôf dat de foarstelling té lang is.

 

Trije keppels akteurs spylje – foar it skoft –  yn trije ferskillende romten fazen fan it houlik fan Johan en Marianne. Dêrby giet it publyk fan it iene dekôr, en dêrmei fan de iene faze nei de oare. Tsien jier troud en in itentsje mei freonen dat, mei ûnder ynfloed by beide pearen útrint op bargebiten en dêrnei krijt Johan fan Marianne te hearen dat sy de pil fergetten hat en trije moanne hinne is. Hy is der net bliid mei. Yn in oare faze fan harren libben hat Marianne in min sin – moet je soms ongesteld worden – en leafst soe se mear tiid ha wolle om der ris mei him op fakânsje. It is kibjen en kreauwen wêrby’t Johan knap sarkastysk om ’e hoeke komme kin. Dat er in oar hat – it ferneamde griene bledsje – komt it publyk te witten yn de faze dêr’t hy yn oankundiget mei dy oar nei Parys te gean.

Hy siket treast by har om syn skuldgefoel, stelt him ôfhinklik op, mar hat tagelyk ek skjin syn nocht fan har. Sy stiet dan wer klear mei bôle, tee, wol him geriivje mei in frijpartij, pakt syn tas sels yn, is dan wer jaloersk en obsternaat en lilk. Sa is der allegeduerigen in elkoar oanlûken en ôfstjitten, ferwiten fleane oer en wer.

‘Wy binne al sa lang troud’, laket in pear dat yn it skoft ôfset om nei hûs ta. ‘Wy witte it wol.’ It is in lang stik. De dialogen binne skerp en moai psychologysk útdjippe. Dat alle akteurs, mei alle ferskaat oan emoasjes, in geweldige aktearprestaasje leverje, docht der neat oan ôf dat de foarstelling té lang is. It giet net allinne oer de relaasje fan Johan en Marianne, nee, ek oer dat fan in kliïnt fan har, in âldere frou dy’t, nei in houlik sûnder leafde, skiede wol. En oer it houlik fan Marianne har mem, as sy, neidat Johan fertrokken is, har mem nei har sekslibben freget. En oer de relaasjes tusken Johan en syn leafdes likegoed as oer dy tusken Marianne en harres.

Moai dien is dat, nei it skoft en foar it híéle publyk, seis akteurs Johan en Marianne bringe. Yn wikseljende kombinaasjes bringe se deselde teksten en it is ien kakafony. Yn dizze faze treffe Johan en Marianne elkoar neidat hy jierren fan hûs west hat en it hiele spul werhellet him: stipe sykje, soargje wolle, ferwiten oer en wer, seks, fysyk geweld. As de skiedingspapieren tekene binne, is it lykwols noch net dien. Beide krije in nije relaasje, mar treffe elkoar nei in pear jier wer en gean frjemd… mei elkoar.

Comments
Ien reaksje oan “Scènes uit een huwelijk”
  1. Nynke schreef:

    Ik haw freed by de foarstelling west en haw my net in tel ferfeeld. Dus dat it te lang duorre, fûn ik hielendal net. Klasse toaniel fan de boppenste planke!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.