Rinsema-jier yn Drachten

Publisearre op 25 februari 2011

Begjin 20e ieu wiene de bruorren Thijs en Evert Rinsema oan it wurk yn harren skuonmakkerij yn Drachten, mar harren gedachten dwaalden regelmjittich ôf nei oare saken as skuon: yn harren hollen groeiden bylden en gedichten! De beide Drachtsters wiene yn kontakt kaam mei Theo van Doesburg en ûnder ynfloed fan dy man – oprjochter fan De Stijl en Dada yn Nederlân – ûntwikkelen Thijs en Evert Rinsema (respektivelik skilder en skriuwer) harren ta keunstners fan de ynternasjonale avant-garde. Doedestiids krigen de bruorren lykwols gjin erkenning; yn Drachten en omkriten fûnen de minsken harren wurk mar ‘apart’. Pas jierren nei harren dea kamen de gedichten fan Evert yn de belangstelling en waard it wurk fan Thijs eksposearre.

Oan de Rinsema’s is lykwols nea in echt grutte eksposysje wijd en likemin binne der mânske publikaasjes oer harren útbrocht. Dêrom is 2011 troch Museum Smallingerland yn Drachten útroppen ta ‘Rinsema-jier’. Der sille it hiele jier troch edukative projekten en aktiviteiten plakfine. Fierder binne der ferskate tentoanstellingen, sa as yn maart de tentoanstelling ‘Thijs Rinsema en vrienden’ yn Museum Smallingerland, mei wurk fan Thijs en syn tiidgenoaten. It jier sil ôfsluten wurde mei in grutte oersjochtentoanstelling, fan 30 oktober 2011 oant en mei 18 maart 2012. Boppedat sil der in boek presintearre wurde, skreaun troch Thijs Rinsema jr., oer syn pake Thijs en âldomke Evert.

Mirjam van Houten

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels