fotografy: Richard Avedon, 1957

RFK en Marilyn Monroe – In Kulferhaal

                                                                                                                                And it seems to me you lived your life
                                                                                                                                Like a candle in the wind. (Elton John)

ARJAN HUT – Yn de LC fan 15 maaie stiet in artikel fan de Belgyske sjoernalist en skriuwer Steven de Foer (1965). Hy besprekt dêryn in nije Netflix-doc oer Marilyn Monroe. Dy ha ik net sjoen, dat ik ha dêr gjin oardiel oer. De Foer is der net oer te sprekken, koartsein: opwaarme âlde komplotmeuk. “Een (…) manipulatief en stijlloos samenraapsel van feiten …”. Robert F. Kennedy, minister fan Justysje, soe de filmstjer Monroe fermoardzje litten ha. Oan de ein fan de dokumintêre is de konklúzje fan nee, mar dan is jins tiid al fergriemd mei allerhanne kul. “Na al die jaren wordt er louter ingezoomd op de sensatie. Hoe misselijk.” 

RFK: Hoover koe him wol sjitte.



“Eerst de feiten”, begjint de sjoernalist syn stik. Gelokkich, tink ik, der wurdt al safolle rabberij foar wier sliten. “Marilyn Monroe is in 1962 gestorven aan een overdosis slaappillen. Ze had redenen om ongelukkig te zijn.” Hy beskriuwt hoe’t it filmikoan oan de kant set waard troch Twentieth Century Fox, har wurkjouwer wie de ferslavingsproblemen en it tiidferlies troch ôfkickkliniken “beu”.  Mislearre houliken, in miskraam, se waard tegruzele troch it libben sels. En dan fljocht De Foer út de bocht, as er ûnder de feiten ek dit rekkenet: “Daarop werd ze ook gedumpt door Bobby Kennedy, de minister van justitie, die, net als zijn broer (de president) jaren met haar gestoeid had, maar door zijn inlichtingendienst werd gewezen op het gevaar van een schandaal.”

It oarspronklike ferhaal wie betocht troch in saneamde sjoernalist, in rjochtse fanatikeling.

Robert Kennedy hat Monroe net fermoardzje litten, mar, neffens De Foer hie se wol jierrenlang in stoei-relaasje mei beide Kennedy-bruorren en RFK nota bene, dumpte har, nei jierrenlang fan probleemleaze stoeierij. Hy soe miskien noch wol even mei har trochboartsje wolle, mar syn ynljochtingetsjinst sjocht yn dat soks net goed komme sil. Dêrfandinne sizze se yn it Ingels ek: ‘intelligence’. Hoe soe sa’n petear gien wêze?

Ynljochtingetsjinst: Skowe do en dyn broer noch altyd dy Monroe hinne en wer?
RFK: Ja jong, dat binne de upkes fan ús eliteposysje.

Ynljochtingetsjinst: No, dêr soe ik mar mei ophâlde, want as it yn de parse komt …
RFK: Oe heden ja, nea oan tocht!

Ynljochtingetsjinst: Dus?
RFK: Ik rêd der mei. Goodbye Norma Jean!

William C. Sullivan (1912-1977)

De FBI is de oerheidstsjinst ressortearjend ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Justysje. De ynljochtingetsjinst fan de FBI rapportearret oan de Minister fan Justysje. Willam C. Sullivan wie yn de jierren 60 it haad fan de ynljochtingetsjinst fan de FBI. Syn memoires ferskynden postúm yn 1979, twa jier neidat in jager him foar in hart oanseach. Sullivan is tige dúdlik oer de ferhâlding tusken RFK en Marilyn Monroe.

“Hoewol’t Hoover wanhopich besocht om Bobby Kennedy foar wat dan ek op ‘e died te betraapjen, it slagge him nea. Kennedy wie suver in Puritein. We hâlden him op feesten altyd yn ‘e gaten, dan bestelde er in glês scotch en twa oeren letter nipte er noch hieltyd fan itselde glês. De ferhalen oer Bobby Kennedy en Marilyn Monroe wiene inkeld ferhaaltsjes. It oarspronklike ferhaal wie betocht troch in saneamde sjoernalist, in rjochtse fanatikeling dy’t wol faker wylde ferhalen optocht. It fleach as diggelfjoer de wrâld oer, fansels, en J. Edgar Hoover stie derby, en wakkere mei grutte wille de flammen oan.”

“De honger naar een verhaal met nóg meer seks en drama is altijd groot geweest …” orearret De Foer, as in tsjutter yn in praatprogramma. “… en dus hangen er tientallen complottheorieën rond Marilyns dood.”  Kulferhalen binne as ûnkrûd. De wierheid in swak flamke. De tiid stoarmet troch. Minsken ha no ienkear in honger nei ferhalen mei drama, seks en celebreties. It is dit langjen, en net sasear in driuwende nijsgjirrigens nei de wierheid, dat skynber soarget foar komplotferhalen. Feit is lykwols dat De Foer ek meigiet yn rabberij oer RFK en Marilyn Monroe. Net as propaganda, grif, mar omdat er tinkt dat it wier is. De myte docht him foar as feit, mar is âlderwetsk ‘fake news’. In radikale fanatikeling kin it betinke, mar by einsluten binne wy it dy’t sokke mearkes oernimme en de status fan wierheid jouwe.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.