Rely Jorritsma

Publisearre op 10 oktober 2013

DRIJPIKKEL –

Ofrûne sneon 5 oktober binne yn it tsjerkje fan Bears de Rely’s wer ferdield. En de sjuery kaam mei in net-frege advys oan foarsitter Johanneke Liemburg. de Moanne lei dêrom trije fragen foar oan (âld)foarsitter fan de sjuery, Jaap Krol.

1. Foarsitter, wie it in goed jier?

Wat proaza oanbelanget wie it in goed jier. Foar my wie dit ek de bêste jiergong. Alle ferhalen wiene mei soarch skreaun en faak ek hiel orzjineel. De ôfrûne twa jier ha ik faak ferhalen ûnder eagen hân dy’t gewoan raffelich en sloardich wiene. As bygelyks de ynterpunksje al net doocht, dan is de goodwill gau fuort.

De poëzy foel ús dit jier ôf. ‘It set wol oan, mar it set net troch’, sei ien. Dat is presys wêr’t it om gie: it wie net betiizjend of orzjineel genôch. As sjuery tinke jo dan: moatte wy de bêste fan de minsten beleane of gewoan ús wurk dwaan en neat útrikke? Wy ha keazen foar it lêste.

Dit bliuwt lestich, want eins giet it yn de kearn om de folgjende fraach: moat de Rely in debútantepriis wurde of in anonime wedstryd foar elkenien? En hoe moate jo dêr as sjuery mei omgean? Oanfiterje of net, twadde en tredde prizen jaan of net? Dizze saken wringe anno 2013 wolris. In professional as Durk van der Ploeg wint 21 kear, mar hoe ferhâldt him dat mei dyjingen dy’t it gewoan ris besykje wolle?

2. Sjuery’s fan literêre prizen kinne it de lêste jierren net litte en jou goerie. Wat hawwe jim adviseard?

Wy ha oanjûn dat der in diskusje komme moat om de statuten oan te passen om sa ynstjoerders en literêre media aktiver by de wedstryd te beheljen. Binne der bygelyks alternativen mooglik, ek mei behâld fan de anonimiteit? Wat is der hjoed-de-dei te finen oer de Rely op it ynternet? Gjin webside, gjin Facebook, hielendal neat.

Nim yn dit ferbân de Junior Rely. Mear as njoggentich ynstjoerings. In grut sukses mei oare wurden. Ik hie ek de yndruk dat it measte publyk yn Bears foar de jongeren kaam.

3. It wie jo lêste jier as sjuerylid. Binne jo beskikber foar oare literêre prizen? Mei oare wurden, hat it wurk jo foldien?

Ja, ik soe eltse skriuwer of kultuerdrager advisearje wolle it ris te dwaan. It hat myn netwurk ek ferbrede. Sa bin ik dit jier lid wurden fan de Sweedske Akademy en sit ik yn de kommisje dy’t de Nobelpriis takent. Ja, ik wit al wa’t him krijt, mar ik sis neat.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels