fotografy: Mandy Barker, Hong Kong Soup 1826 - Transform

Reis nei it ein fan de wrâld

KAREN BIES – 

As ik nei keunst sjoch, sykje ik wat moais. Soms komt dat net daliks, pas as ik langer stean bliuw, of as ik mear ôfstân nim, of by it sjen fan in hiele searje. Soms gebeurt der niks, dan duorret it te lang foardat ik trochhaw wat ik sjoch, of kin ik der neat mei wurde. En dan nóch: wat seit dat oer de kwaliteit fan de keunst. It sil wol oan my lizze mar it docht my net folle, tink ik dan.

Dêrom skriuw ik no oer keunst dy’t my rekke hat mei in klap. Dêr’t ik bliid fan wurden bin en tryst tagelyk. Ik besocht ‘Arena’ fan fotomanifestaasje Noorderlicht 2016 by Museum Belvédère. De tentoanstelling is yn it museum en bûtendoar.

 

Dêrom skriuw ik no oer keunst dy’t my rekke hat mei in klap. Dêr’t ik bliid fan wurden bin en tryst tagelyk.

 

‘Arena’ giet oer it yngripen fan de minsk yn de natoer. We libje yn it ‘antropoceen’, in geologysk tiidrek dêr’t de ierde oerstimd wurdt troch wat minsken dogge. Wat gebeurt der mei in lânskip, as wy earst op grutte skaal grûnstoffen dolle, bulten ôffal delsmite, bosken kappe, in kearnsintrale ûntploffe litte en dan wer fuortgeane, sykjend nei in nij ûnoantaaste stikje natoer, om te sjen wat der noch mear te heljen falt.

Noorderlicht lit it wurk sjen fan 21 fotografen dy’t allegear in hoeke fan de wrâld ûndersocht hawwe. Simon Norfolk wie op in gletsjer yn Kenia, dy’t stadichoan fuortteit. Oan in kronkeljende râne fan baarnende fakkels op de rots kinst sjen hoefolle iis der yntusken ferdwûn is.

De searje fan Ronny Sen oer de ûndergrûnse brannen yn India as gefolch fan stienkoalwinning is noch pynliker. Alles boppe de grûn ferbaarnt ek. Minsken besykje te oerlibjen yn in gebiet dat swart stiet fan de reek. Om beroerd fan te wurden.

Adam Orzechowski hat foto’s makke by Tsjernobyl. Yn in straal fan tritich kilometer om de fernielde kearnsintrale hinne meie gjin minsken mear wenje. Planten en bisten hawwe de ferbeane sône weromferôvere en libje der frij. De blik fan de wolven yn de lins fan de fotograaf is grizelich en deads. Mar dat komt ek troch it blauwe filter oer de foto’s, dan liket alles like radioaktyf.

Moai en konfrontearjend tagelyk fûn ik de foto’s fan Mandy Barker. Sy hat foar har searje ‘Hong Kong Soup: 1826’ op de tritich strannen fan Hong Kong rotsoai sammele. Alle dagen bedarret dêr 1826 ton ôffal. Lekke fuotballen, boartersguodpopkes, itenspûdsjes, tou, Barker lit it plestik guod sweve yn de swarte djipte fan de see, as wiene it fisken, oktopussen of kwallen. Ek yn de fiver by Belvédère lizze twa keunstwurken fan Barker. Dêr rinst dan, tusken de wylde margriten en blauwe koarnblomkes troch, te sjen nei prachtige foto’s fan in rottige werklikheid.

Fotografen hawwe in reis nei it ein fan de wrâld makke en litte yn ‘Arena’ sjen wat in slachfjild wy achterlitte. Unbewust of moedwillich. Ferfolgens draaie we ús om fan wat we kwytrekke binne en begjint de natoer him geduldich te ferheljen. Mar soms is it te let. De foto’s fan Noorderlicht toane in skrale, ferskroeide of troch minsken ferlitten ierde. It sjen kin gjin útstel lije. Dizze keunst docht sear.

 

Arena. Fotomanifestaasje Noorderlicht, o/m 3 july 2016 Museum Belvédère, Hearrenfean.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.