Gedichten

– Lêsto noch wolris in gedicht? Gewoan, foar dyn plezier?

– Selden. Ik gean der net foar sitten. In pear wike lyn wie ik oan it googeljen op myn eigen namme en ûntduts ergens in stikje op Farsk fan mysels oer de poëzij fan Eva Gerlach. Doe haw ik noch even in bondeltsje fan har út ‘e kast pakt.

– Fan dy skriuwster ha ‘k yn myn stúdzjetiid in soad lêzen. De kracht van verlamming mei in fantastysk titelgedicht oer in famke op in skommel en pynlike oantinkens oan in skeind ferline. Mei in freon ha ‘k der letterlik jûnen lang oer praat. Soks doch ik no net mear. No lês ik fral poëzy dy’t ynstjoerd wurdt foar de Moanne. En poëzy dy’t ik beoardielje moat foar de útjouwerij.

– Ik trof har in kear yn Romein. Op in poëzijjûn yn ‘e gûnetiid. Ik wie mei myn eks en ik hie krekt in nije learen jas. By de garderôbe haw ik even mei har fûstke. Ik fûn har frij âld yn tsjinstelling ta har poëzij. It is in moai skoft lyn en dy jas haw ik noch. Letter moast ik in kear, yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag, in moarn organisearje yn Belvédère. Ik woe graach in miks fan Nederlânsktalige en Frysktalige dichters op it programma, frou Gerlach koe net. Of woe net.

– Ik ha net safolle mei Nationale Gedichtendag. Se noegje my ek noait in kear út om ergens in moai gedicht foar te lêzen. Wa komt der eins? Do wol fansels. It Fryske reveil moat dochs fan de dichters komme, sa liket it wol. Yn elts gefal net fan de lêzers, want Fryske boeken ferkeapje foar gjin meter en poëzy alhielendal net. Soenen Ensafh en de Moanne it reservaat wurde foar de Fryske literatuer? Niet schieten. Geen open vuur maken. Laat niet als dank…

– Doe’t ik noch in grut talint wie, hiest fan dy moarnsbrochjes yn ‘e Harmonie op Nationale Gedichtendag. Mar ik waard der net foar útnoege. Doe bin ik opholden mei skriuwen. Yn 2009 haw ik as ôfsluter op in rûnreis troch Súd-Afrika op besite west yn it Krugerpark. Op safary. Doel wie fansels om The Big Five te spotten. Ik haw se allegear sjoen, útsein de kening fan ‘e dieren. Sa hat it grif dy kear mei dat moarnsbrochje dêr yn ‘e Harmonie ek west. Elkenien wie der, útsein it grutste talint. Ik bin benijd wa’t se dit jier ferjitte.

Comments
2 reaksjes oan “Gedichten”
  1. jqsmînk schreef:

    Goeie goede frou/hear,

    Immen hat my út it abonneebestân mitere… en dat wylst ik rjocht ha op mear as ien Moanne. Graach wer stjoere; ik bin ommers freon foar it libben fan de FA en dus rjochthabber. Ik betelje myn rekkens altyd.

    Jacobus Q. Smink
    Kempensebaan 21-B
    5613 JA EINDHOVEN

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.