‘Readboarstje’ – in fergetten wurd yn it Sealterfrysk

HENK WOLF –

Alde kunde fertelde ris hoe dreech oft se in Afûk-kursus fûn: al dy wurden foar blomkes, fûgeltsjes en oare bisten – en dan de wurden foar de lûden dy’t dy bisten makken. ‘Snetterjende guoskes’, ‘âljende kij’, se hie der wol oan om dat allegear yn ‘e holle te krijen.

It moderne Afûk-materiaal sjocht der wat oars út, mar no noch kin men net om de koweblomkes, earrebarren en it âljen hinne as men Frysk leart, ek net op de hegeskoalle dêr’t ik lang foar wurke ha. De Fryske taal hat in nauwe bân mei Fryslân en Fryslân is in lân fol fûgeltjes, âljende kij en koweblomkes.

Dêrom ferwûndere it my sa dat de Frysktaligen yn it Sealterlân – dy Dútske gemeente dêr’t noch Frysk praat wurd en dêr’t ik op ’t heden wurk foar doch – dat dy Frysktaligen it amper oer de natoer ha. Se wenje yn in feangebiet, eins in part fan itselde gebiet as de feankoloanjes yn Grinslân dêr’t iksels wenje, dat floara en fauna is der genôch.

Yn it lesmateriaal wurdt der amper oer praat en de Sealterfriezen witte de nammen faak ek net, sa foel my op. Wylst ús pake my noch ‘bûnte liuwen’ (de rest fan Fryslân hat it oer ‘strânljippen’) sjen litten hat, witte de Sealterfriezen amper hoe’t sljochtweihinne túnbewenners lykas de swarte lyster, de mosk en de blokfink hite. As se der al oer prate, brûke se gauris de Dútske of Platdútske namme.

Yn de wurdboeken binne in protte natoernammen ek net werom te finen. Dat is al nuver, want dy Sealterfryske wurdboeken binne foar in grut part basearre op petearen tusken Sealterfriezen út de foarige ieu.

Blykber hienen dy it net oer readboarstjes, want dy komme yn de wurdboeken net foar. Yn de útskreaune ferzjes fan de petearen dêr’t Pyt Kramer syn wurdboeken op basearre hat, kin ik se ek net fine. Ik kin sels mar ien tekst yn it Sealterfrysk fine dêr’t dy lytse fûgeltsjes yn neamd wurde en dat is in ferhaal fan de bekende skriuwster Gretchen Grosser. En hoe neamt se se dêryn? Jawis: Rotkehlchen. Dat is de Dútske namme.

No haw ik efkes socht hoe’t it siet mei de stân fan readboarstjes yn East-Grinslân en it hat bliken dien dat dy dêr om 1970 hinne amper foarkamen. As dat no yn it Sealterlân – in lyts eintsje fierderop yn itselde lânskip – ek sa wie, dan soe dat wol ferklearje dat de Sealterfriezen it wurd foar it lytse fûgeltsje mei syn oranje boarstje net fan heit of mem heard ha, nee, dat heit en mem der sels net oer praten.

Mooglik – wierskynlik, sels – is it fansels al dat der foar dy tiid in wurd foar readboarstjes bestien hat yn it Sealterfrysk. Sealterfryske arbeiders kamen ommers oeral, ek yn ús Fryslân, en se ha safolle út it Nederlânsk en út ús Frysk oernaam, dat it soe al gek wêze as se noait ris oer readboarstjes praten. Mar as it wurd der al wie, it is net mear bekend.

Dat myn kunde no oer âljen, koweblomkes en earrebarren leare kin, komt mei trochdat der Fryske wurdboeken binne dêr’t sokke wurden yn te finen binne. En dat dy wurden yn dy wurdboeken steane, komt net allinne troch minsken lykas ús pake, mar ek trochdat der al yn de njoggentjinde ieu ryklik boeken skreaun waarden yn it Frysk. Foar it Sealterfrysk is dy skriuwtradysje der net. As sels mar ien generaasje dan amper mear oer readboarstjes praat, rekket it wurd dêrfoar yn it ferjittersboek. En dan is net mear werom te learen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.