Promoasje

Sûnt The Voice of Holland folgje ik Iris Kroes want sy komt út Drachten. Ek al twittert se allinnich mar ‘whaaaaaaaaaaa wat superleuk Marco yyeaahhhhhh!!!!!!’ It bliuwt ús Iris en ik bin grutsk op har. Sa bin ik ek grutsk op ús Joop Wittermans, dy’t ik sjoen ha yn de plysjesearje ‘Moordvrouw’. Spitich dat Joop de boef spile, want no is er oppakt en sil it wol by ien kear bliuwe. ‘Moordvrouw’ spilet him ôf yn Fryslân, omdat der in miljoen euro noardlike subsydzje yn sit.

Ik miende yndied in boerepleats en in dykje by Wurdum te herkennen. It plysjeburo hie ik hjir noch noait earder sjoen, mar dat kin ek net want dat is it âlde AVRO-gebou yn Hilversum. Folle makliker fansels foar dy artysten, oars moatte se foar elke sêne nei dat sigerige Fryslân fleane. De Fryske plysjes kinne wol wat help brûke, trouwens. Dy omkoalen binne fjouwer jier mei in moardsaak dwaande en nóch sitte sy achter de ferkearde oan! Mar gelokkich, dêr stoppet de reade SUV fan Wendy van Dijk, dy’t op hege hakken en op goed gelok in skeppe yn ‘e grûn stekt en binnen trije minuten it moardwapen fynt. Der falt gjin wurd Frysk want, sa sei de regisseur: ‘Je moet de kijker natuurlijk niet meteen lastigvallen met een dialect.’

In oare searje dy’t Fryslân op syn moaist ferkeapet is ‘Dokter Deen’. Monique van de Ven draaft oer it strân fan Flylân en praat mei hynders. De iennichste Fries is in Hollânske sersjant op de Vliehors dy’t mei in fet nep-Frysk aksint seit dat der wol in ‘haillikáapter’ is, mar ‘spijtig genoeg geen bummáaning’.

Fryslân moat syn plak witte op de nasjonale televyzje: in lullich byroltsje.

Der is mar ien ding dat Fryslânpromoasje echt helpt: iis. De Alvestêdetocht, yn fyftjin jier tiid noait sa tichtby as no. Wy spilen de haadrol yn alle sjoernaals. Autentike rayonhaden mei de triennen yn de eagen en in écht Frysk aksint. Iistransplantaasjes nei wynwekken, dappere einen dy’t kweakjend oar plak sochten. Wurkleaze bewenners fan krimpdoarpen dy’t mei skowers en biezems de baan sniefrij makken.

Twa nachtsjes ekstra mei strange froast, dat hie ús rêde kinnen.

Karen Bies

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.