Poëzij op strjitte
Publisearre op 28 januari 2011
Rinne oer poëzij? It kin. Ljouwert biedt in unike samling gedichten yn stien. Swalkje troch de strjitten fan Ljouwert, neitinke oer de strofen en sinnen fan lokale, mar ek fan lanlik bekende dichters en skriuwers. Even stilstean, de omjouwing yn dy opnimme en de gedichten ta dy nimme.
Hoewol’t de mearderheid fan ‘e 38 poëzijtegels yn ‘e binnenstêd fan Ljouwert leit, fergje inkelde tegels in langere kuier. Lykas de dichtrigels fan Nicolaas Matsier en Driek van Wissen. Neist Fryske en Nederlânsktallige teksten fynst by it Paleis fan Justysje in tegel yn it Russysk. In gedicht fan Ivan Toergenjew út Orjol, in stêd yn Ruslân dêr’t Ljouwert in stêdebân mei ûnderhâldt.
Koartlyn ferskynde yn de seary stedskuiers troch Ljouwert in nije útjefte fan it poëzijrûteboekje mei de 38 gedichten dy’t ferivige binne op de Ljouwerter poëzijtegels. It boekje telt 80 siden, ynklusyf trije nije gedichten, en in rûtekaart fan Ljouwert dêr’t de poëzijtegels op oanjûn binne. It boekje is te krijen by de VVV Ljouwert en by ferskate Ljouwerter boekhannels. Mear ynformaasje: www.poezieroute.nl.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]