Poëtyske ankerplakken: Lida Dijkstra

Publisearre op 19 september 2016

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer en Syds Wiersma skreaunen foar dit projekt in gedicht.

Sûnt hjoed ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei skriuwster Lida Dijkstra dy’t yn Dolsterhuzen ynspiraasje opdie. “Ik fyn it moai ast ynspriaasje hast mei in begjinpunt. In lânskip, de omkriten. In boek of skilderij.” It gedicht dat sy skreau by dizze lokaasje is werom te lêzen fia de webside fan de Marrekrite en yn de Moanne nûmer 5.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels