Poetysk muzykteatraal oratoarium

TSJOMME DIJKSTRA –

Komponist Hoite Pruiksma en toanielskriuwster/dichter Aggie van der Meer wurkje oan in poëtysk muzykteatraal oratoarium. Yn septimber presintearje sy yn te Grutte Tsjerke fan Warkum it earste diel fan harren produksje.

Net sûnder mear tsjerklik ferhaal
Oft teologen hielendal mei it ferhaal ynstimme kinne doart skriuwster Aggie van der Meer net te sizzen. It ferhaal fan it oratoarium, oer in man en in frou dy’t foar de kar stean om al of net ‘it lân achter it each fan de nulle’ yn te gean, folget wol de tsjerklike yndieling fan it jier, mar it is net sûnder mear in tsjerklik ferhaal. Ferhalen út de Bibel binne benammen in belangrike boarne fan ynspiraasje. “Mar it mei wol ta wat diskusje liede,” seit Van der Meer.

Yn it ferhaal is der ûnder mear in grutte rol foar de sûndebok. De sûndebok wol de man en frou helpe en foaropgean yn it lân achter it each fan de nulle. De man en frou binne der net wis fan oft se nei de sûndebok harkje moatte en it lân yngean moatte.

It idee foar it oratoarium ûntstie nei’t de dichtbondel De Sneinen fan Aggie Van der Meer ôfrûne jier útkommen wie (sjoch dêroer ek de eardere bydrage fan Abe de Vries). “Hoite Pruiksma en ik hawwe earder al ris tegearre in produksje makke foar de oratoariumferiening fan Boalsert. Nei ôfrin dêrfan seinen wy dat wy noch wolris in grutter projekt meitsje kinne soenen,” seit Van der Meer. “Doe’t Hoite Pruiksma myn dichtbondel lêzen hie, sei er tsjin my dat de teksten him hiel geskikt taliken foar in grutter projekt.”

Fjouwer spilers, ferskate muzikanten en in koar
Van der Meer en Pruiksma binne yntusken in moai ein op streek meit it projekt. It oratoarium bestiet úteinlik út fjouwer dielen. De titel, ‘It lân achter it each fan ’e nulle’, is ûntliend oan de dichtbondel De Sneinen, de tekst foar it oratoarium is lykwols hast hielendal op ’e nij skreaun. De tekst fertelt ien ferhaal. Hy wurdt beskikber makke yn it Frysk en  yn it Nederlânsk.

It is de bedoeling om it projekt mei piano en/of harp, harmonium, slachwurk, tsjerkeoargel, twa solosjongers, twa akteurs en in fyftich minsken tellend koar op te fieren. De sjongers (in sopraan en in tenor) en akteurs binne dêrby de personaazjes fan it ferhaal (de man, de frou, de sûndebok en de ferteller). It projekt kin op ferskillende plakken opfierd wurde, bygelyks yn in fabrykshal of teater. It publyk komt op in lyts poadium te sitten, tegearre mei de solosjongers en guon fan de instruminten. En om de minsken hinne stiet it koar.

Pilot yn Warkum
Op sneon 28 septimber is yn de Grutte tsjerke fan Warkum de ôftraap fan it projekt yn de foarm fan in pilot. Dan wurdt it earste diel opfierd, dat de perioade fan de earste snein fan de Advint oant kryst beslaat. De tsjerke is de 28e de hiele dei iepen, de repetysjes kinne dan bywenne wurde. Om 17.00 oere is der in slotpresintaasje fan de dei mei yn it foarôf in ynliedende útlis fan Hoite Pruiksma. It publyk mei nei ôfrin ek krityk jaan op it stik. De produksje wurdt stipe troch Stichting Fryske Harlekijn en Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.