Mystyk yn romaanske gedichten

ABE DE VRIES – 

 

Peaske

No’t alles foarby is
it rabjen
it gearspannen
de klean ferskuord de hannen wosken
de sûndebok syn reade jas útlutsen
kin de wyn op ’e tafel
klinke se de Annassen de Kaifassen
kin de dei wjerkôge wurde fan ’e earste
swypslach oant de lêste
omearmje se inoar yn in frjemde berûzing

mar as it ljocht komt
te ferblinend te fjurrich
witte se dat se it ferlern ha
de dreamútlizzers faald ha
se har rjocht op wissens ferspile ha
witte se dat it net oer is
de lêste hammerslach de ein net wie
stekke se de koppen byinoar
passe de biten en brokken
heakje de fingers achter de skuorren

&

It bern en de túnker
baaiend yn ’t ljocht
prate oer de wûnders
dy fan alle dagen
en de trochloftigen fan hjoed

tusken de peaskeblommen
-ik wie it net en likemin de mem fan ’t bern-
in ûnbekende frou
de túnker hie har sjoen
-betsjoenend wyt
eagen as stjerren
hier oant de mul-
hie even oan in ingel tocht
se hienen inoar groete
se socht in man
gûlde wat
hie se fertriet of hâlde se fan him?
hy tocht fan beide
wat hie er sein?
dat ’t goed komme soe
dat hie de túnker sein

oer wat him oerfallen hie
dy iere moarn
him in trochsneed túnker
sei er neat
foar wat him de siken benommen hie
in oerweldigjende krêft
in wolk gearraand ta wjukken fan ljocht
him twong om stean te bliuwen
hie er gjin wurden

hie er him ferset?
nee it hie in jefte west
ûnferjitlik
oerjûn hie er him net.

(Aggie van der Meer, De sneinen. It lân achter it each fan ‘e nulle, Frysk en Frij, Ljouwert 2012, s. 66-68)

 

De nije, fyfde bondel De sneinen fan Aggie van der Meer freget in protte fan de lêzer. Yn 52 fersen rint Van der Meer alle sneinen fan it jier bydel, foar elke snein in lang fers, yn koarte rigels grôtfol religieuze symboalyk dy’t derop wachtet om ûntsifere te wurden. De brede, barokke taal dy’t wy fan har kenne hat plak makke foar in keale, ik soe hast sizze ‘romaanske’ fertelling, dy’t idele dichterlikheden lykas (klank)rymfoarmen en enjambemint foar it meastepart links lizze lit.

Dat wol net sizze dat de gedichten gjin konstruksje hawwe. Sa is der it brûken fan ûnderskate persoanaazjes, sa as ‘de túnker’, ‘de sûndebok’, ‘it bern’, ‘ik’, ‘suster Leonissa’, ‘de fiskerman’ en ‘de ûnbekende’. Se figurearje yn de amper oanklaaide dekors fan in tsjerke en in lânskip om trochhinne te kuierjen. De parallellen mei de ferhalen yn ’e Bibel binne net te missen. Oan de iene kant wurdt de dichter op dizze wize de kronikeur fan in mienskyp ‘yn Kristus’, oan de oare kant kin sy sa besykje om in religieuze binnenwrâld ûnder wurden te bringen.

Yn boppesteand fers sketse de earste twa strofen de krusiging, de dea en it wer opstean út de dea (‘mar as it ljocht komt’) fan Kristus oan de hân fan ynformaasje oer Syn boalen (‘de Annassen, de Kaifassen’). De nijsgjirrige útwurking fan dat tema nei de poëtyske mienskip yn De sneinen ta folget dêrnei, mei de ‘túnker’ dy’t mei ‘it bern’ oer wûnders praat. De túnker ferhellet fan syn moeting mei in ingelachtige frou, dy’t fertriet hie. Hy hat har treastge, sein dat it wol goed komme soe, en doe krige er in sa’t it skynt mystike ûnderfining, dêr’t er him net tsjin ferset hie. It wie in jefte, dy’t er krigen hie, hy hoegde him der net oan oer te jaan.

Boppe it fers stiet de titel ‘Peaske’; wy meie dus oannimme dat it gedicht te krijen hat mei opstanning út de dea, de ellinde, mei in nij begjin nei ferlies. De dea is in besiking, mar ek in soenoffer foar it libben. De fertrietlike frou, dy’t treastge wurdt mei Peaske, giet op yn ‘in wolk gearraand ta wjokken fan ljocht’.

 

 

Comments
2 reaksjes oan “Mystyk yn romaanske gedichten”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.