Philips Jongeren Designpriis

Woansdei 23 jannewaris makke Onno Hoitinga, ôfdielingshaad ynnovaasje en ûntwikkeling Philips Drachten, de winner fan de Philips Jongeren Designpriis 2012 bekend. Edzard Jager fan Menaam en Frouke Engel fan Jirnsum krigen de priis takind foar it GGD-Sense spul. In spul dat bedoeld is om de jongeren dy’t yn oare kultueren opgroeid binne, oer seks en relaasjes te learen.

Frouke Engel (16) folget de oplieding ‘product design’ oan it Friesland College en is optein mei de priis ek al hie se it net ferwachte: “Fia ús fakdosint hearden wy dat wy ús foar de Philips Designpriis opjaan koenen. Klassikaal hawwe wy doe besjoen wa’t fan ús groep in ynstjoering dwaan soe. De oare deis binne Edzard en ik mei ús spul nei Keunstwurk fytst.”

“By ús op skoalle wurde in soad opdrachten keppele oan in echte opdrachtjouwer. Yn dit gefal hie de GGD ús skoalle benadere. De GDD hie sels al in prototype makke fan it spul om te testen oft de spulrigels logysk winen en oft it spul goed ynelkoar siet. Dat wat dat betreft hienen wy net in soad yn te bringen op de ynhâld fan it spultsje. Dat koenen wy wat betreft de foarmjouwing mear dan goed meitsje. Dêrom hawwe wy earst in petear mei de GGD hân. Oan ‘e hân dêr fan hawwe wy mei de hele klasse brainstoarme en sketsen makke. Uteinlik is ús klasse ferdield yn ferskate groepen as: ‘boerd’, ‘pionnen’ en ‘dobbelstien’. Foar elk ûnderdiel moast úteinlik in goed úttocht ûntwerp komme. Fan Edzard keas de GGD it konsept fan de pionnen en fan my it konsept fan de pûde dy’t tagelyk it spylboerd wie.”

“Dizze priis is in stimulâns foar de rest fan ús kariêre. En eins hie ik net ferwachte dat ús ûntwerp yn ‘e prizen falle soe. Mar it is leuk om wjurdearring te krijen foar wat je dogge. Ik wol no earst de oplieding ôfmeitsje en wat ik dêrnei wol, wit ik eins noch net krekt. Ik bliuw hoe dan ek dwaande yn de kreative sektor, dêr leit echt myn passy.”

De Philips Jongeren Desgingpriis waard dit jier foar de sechde kear útrikt en fûn diskear plak yn Museum Dr8888 yn Drachten. De priis biedt in poadium foar jong foarmjouwingstalint yn Fryslân. Fan alle ynstjoerings is in lytse oersjochtstentoanstelling makke. Dizze is te besjen fan 23 oantemei 24 febrewaris 2013. Sjoch foar mear ynfo: www.museumdrachten.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.