Op deselde manier oars

GRYTSJE KLIJNSTRA – 

De ûnrêst fan Sjoerd de Vries
“Tekenjen hat der west fan it momint ôf dat ik myn eagen iependie. Ik wit noch dat ik, doe’t ik in jonkje wie dat noch krûpte, (…) sa’n pinebúk hie dat ik nei it sikehûs moast. De dokters ûntdutsen dat ik in stik rêstiger wie as ik krasse koe.”[1]

Dat momint markearre neffens Sjoerd de Vries it begjin fan syn keunstnerskip. Yntusken set er al wer ta op syn sechstichjierrich jubileum en kin er weromsjen op in fruchtbere karriêre. Hy is noch hieltyd warber, wurkjend yn syn atelier op de boppeste etaazje fan in flat yn It Hearrenfean – en wat hy dêr makket wurdt alle kearen wer bejubele. Under syn folgelingen binne fansels it Fries Museum en Museum Belvédère, mar ek it Singer Museum yn Laren en it Gemeentemuseum yn Den Haach brochten al ris in solotentoanstelling fan syn wurk. De krassende keunstner heart tsjintwurdich by de belangrykste keunstners dy’t Fryslân ryk is.

Ast íen sjoen hast, dan werkenst in ‘Sjoerd de Vries’ út tûzenen. Hy kerft syn lânskippen, neakenfigueren en portretten as in byldhouwer yn karton – dat is neffens him it moaiste materiaal dat der bestiet. Van Gogh is, nei syn betinken, dochs al ‘wrâldkampioen’ skilderjen, dus pinsielen rekket er sûnt syn jonge jierren al net mear oan. Syn pinsiel is in stanleymes. En mei dat ark as basis makket er weemoedige bylden dy’t iennich binne yn har soarte.[2]

Dat Sjoerd wyls twaensantich wurden is, is ek in prestaasje, want hy libbe syn libben as gjin oar. Besocht troch depresjes konsumearre er lange tiid maklik trije flessen whisky op in dei, oant er dêrtroch yn it sikehûs bedarre. Hy stoppe mei de drank en stapte doe oer op in deistige doasis fan tritich koppen kofje en fjouwer pakjes Pall Mall.[3]

Syn libben waard typearre troch senuwen en eangsten, dy’t er allinnich mar beswarre koe troch kontinu yn beweging te bliuwen. Dyselde ûnrêst levere lykwols ek wat moais op, yn ’e foarm fan in grutte hoemannichte krêftige en eigensinnige keunstwurken.

Leafde en haat tagelyk
Syn destruktive persoanlike karakter is ûnskiedber ferbûn mei de aard fan syn wurk. Sjoerd giet syn ûnderwerpen te liif. Hy snijt, kerft en krast syn byltenissen ynelkoar. Hy wit fan tefoaren wat syn eindoel is en wrot him dêr nei ta, as in algemist dy’t siket nei syn resept.

It begjint meastal mei in tekening yn konteekryt, dy’t er dêrnei oersnijt yn it karton. Dat karton moat it leafst in âld boekkaft wêze of in oare âlde kartonsoart, stiif en net parst. Mei seane lynoalje as bynmiddel docht er dêr dan plamuer by, dat er mingt mei fervestoffen. Tuskentroch skuorret er it, besprinkelet er it mei bleekmiddel of thinner, slacht er it plat of snijt er it wer iepen. As lêste bewurket er it oerflak mei in strykizer en as dat net beskikber is, dan kin it ek mei in hite pankoekspanne.

Dat proses leveret bysûndere wurken op. Sels betitelet er it resultaat as “leafde en haat tagelyk”. Je sjogge tamtearre matearje, fol barsten en dûken, mar dêrtroch liket it just mear te libjen. It is ferware en kwetsber – mar ek sterk en agressyf. Fersliten foardat it âld is, en dêrtroch tiidleas.

Keunst as rêdingsboei
Dy skynbere tsjinstridichheden lykje ek syn libben te kenmerkjen. Hoewol’t syn jongere jierren behearske waarden troch djippe depresjes en alkoholisme, blieken dy tagelyk in fruchtbere fiedingsboaiem te wêzen foar prachtich wurk. Mei keunst koe er syn lijen stal jaan. In moai foarbyld dêrfan is it 465-dielige Lied van Verdriet út de jierren tachtich. Dêryn sketst er kear op kear de reidkragen fan syn bertegrûn, De Deelen by Aldehaske. Kleur komt der suver net yn foar. Dat koe hy neffens eigen sizzen net oan, mei’t dat te heftich en te betiizjend wie.

Hielendal gjin keunst meitsje wie lykwols hoe dan ek gjin opsje. De Vries sjocht it as in “syklike ôfwiking”, dêr’t er net oan ûntkomme kin.[4] Sels doe’t er yn 1990 nei in djippe krisis yn it sikehûs telâne kaam, wurke er troch – gewoan op lege pasjinteformulieren, mei in potlead en in operaasjemeske.[5]

De skriuwersportretten
En hoewol’t lânskippen einliks syn grutte leafde binne, makke er ek graach portretten, foaral om wat jild te fertsjinjen. In fêst ûnderdiel fan syn wurk wienen de skriuwersportretten dy’t er fan 1970 ôf makke foar Tresoar, foarhinne it FLMD. Hy ferivige skriuwers lykas Paulus Akkerman, Nyckle Haisma en Ypk fan der Fear en die dat sûnder watfoar konsesje dan ek.

Oft dy portretten ek echt lieken op de portrettearre minsken, dat fûn Sjoerd de Vries net it foarnaamste. Al naam er foar syn portretten wol ien of mear foto’s as útgongspunt, mar dêrfan joech er leaver “in fertaling yn suver dichterlike sin”, sa’t er sels seit.[6] It giet him om de ferbylding fan it ‘mins-wêzen’, en dêrby meie karaktertrekken bêst oerdreaun wurde. Dêr wie net elkenien altyd like bliid mei, mar foar De Vries stie de autonomy fan de keunstner steefêst foarop.

Gelokkich mar, want sa wjerspegelje syn portretten ek de styl fan syn frije wurk en dêrmei ek syn persoanlike libben. Der binne bygelyks hurde kryttekeningen by út syn tsjustere jierren, mar ek ljochtere koekpannewurken út syn begjintiid. Dêrmei hat Tresoar in bysûndere kolleksje keunstwurken yn hannen, dy’t syn persoanlike en artistike ûntwikkeling moai yn byld bringt.

De boargemastersaffêre
Syn meast bekende portret hat lykwols tritich jier net te sjen west. It giet hjir fansels om de boargemaster mei de grutte earen: De Vries syn succes de scandale. Sjoerd skildere dat wurk yn 1971, as ûnderdiel fan in boargemasterstrijelûk. Boargemaster Van der Meulen fûn syn earen lykwols te grut en easke dat de keunstner it wurk oanpaste. De Vries fûn de earen sels wol ‘sjarmant’ en wegere pertinint. Dêrop ferbea de boargemaster fia de rjochter om it wurk te eksposearjen, oant tsien jier nei syn ferstjerren.[7]

Dat hie de boargemaster better net dwaan kinnen, want prompt waard it keunstwurk yn alle kranten ôfdrukt. En neist dat de parse no foaral waarme belangstelling hie foar syn earen, sette er himsels ek nochris te kyk as in idele man mei in tekoart oan selsrelativearring.

De Vries besocht ûndertusken fia alderhanne kanalen om it eksposysjeferbod ûngedien meitsje te litten. Hy fielde him miskend as keunstner en spande rjochtsaken oan, traktearre oanbelangjenden op stevige skelkanonnades (dy’t yn de parse wer breed útmetten waarden)en skreau sels in lilke brief oan de Keninginne. It wie lykwols allegear om ’e nocht. Pas yn 2003 kaam it portret wer út de klûs fan it Fries Museum.[8]

It foargeande typearret syn fanatisme. It is by Sjoerd de Vries alles of neat, en dy utersten lizze faak flak neistelkoar. Yn de keunst moat er himsels hieltyd wer oertreffe, “want oars jildt it wurk net”. It moat “op deselde manier oars”, seit er, en sa fernijt er himsels, wylst syn wurk werkenber bliuwt.[9]

Hy hie it yn syn libben mei himsels net maklik, en mannichien hie it ek net maklik mei him. Mar hoewol’t er as mins soms eksplosyf en wantrouwich is, is syn keunst wer ferrassend iepenhertich en oprjocht.

Museum Belvédère sjocht wyls út nei in grutte Sjoerd-de-Vries-tentoanstelling yn 2016, it jier dat er fiifensantich hopet te wurden. It krassen fan eartiids hat him dus fierder brocht as dat de dokters oait tinke koenen. Sjoerd de Vries libbet koartsein net allinnich fóár, mar nei alle gedachten foaral tanksij de keunst.

 

[1] Margriet Oostra, Sjoerd de Vries: op het scherp van de snede (Gersloot: De Drijvende Dobber, 1992), 4.

[2]Rients Kooistra, “Sjoerd de Vries schildert op grote hoogte”, Friesch Dagblad, 22 febrewaris, 2003.

[3] Gerrit Geerds, “Ik voel dat er een nieuwe verlosser is”, Friesch Dagblad, july, 1996.

[4] Sikke Doele, “Zo krijsten mij de hersens van pijn en verdriet”, Leeuwarder Courant, 3 july, 1992, LCetera.

[5] Sikke Doele, “Bericht uit het ziekenhuis”, Leeuwarder Courant, 5 oktober, 1990, LCetera.

[6] Doele, “Zo krijsten mij…”.

[7]Redactie, “De lange arm van de oud-burgemeester”, Leuwarder Courant, 24 april, 1998.

[8] Bas Roodnat, “Schuurpapier is mijn penseel”, NRC Handelsblad, 28 juni, 1996.

[9] Eeltsje Hettinga, “Kunstschilder Sjoerd de Vries blijft verscheurd door twijfel”, Friesland Post, februari 1993, 51.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.