Okje
Publisearre op 28 september 2015
WILLEM WINTERS –
Se is de 65 al passearre, mar hat noch in soad nocht oan har wurk; de hannel yn twaddehâns boeken.
“Ik hâld der noch lang net mei op.” It begûn yn 1986 yn de Vijzelstrjitte yn Ljouwert ûnder de namme Prikkebeen. Earst allinnich berneboeken, mar al gau wreide se út mei de rubryk Fryslân en natoer, wylst men dêr no op allerhande mêd terjochte kin. Se hat noch in pear jier yn de St. Jacobstrjitte sitten en oan de oare kant fan de Nije Buorren, om te einigjen yn in earder tsiispakhûs.
“Ik lês gjin boeken, allinne kranten en tydschriften.”
Ik praat mei Okje nei oanlieding fan har samling lêzersbyldsjes. Op de boppeste planken steane sa’n 300 lêzersbyldsjes 24 ûren deis te lêzen. Net allinnich minsken, ek beren, apen ensafuorthinne, stoarje yn harren boeken. Myn favoryt is in mûnts dy’t onder het mom fan te lêzen in keunsje úthellet.
It antwurd op de fraach ‘hokker boeken lêsto sels’ fernuveret my: “Ik lês gjin boeken, allinne kranten en tydschriften.”
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]
Kategory: Arsjitektuer,Byldzjende keunst,Ynterview
KAREN BIES – It waait noch like hurd oer it Ljouwerter Saailân. Sil de wyn lizzen gean as hjir oer in pear jier it nije [...]