Ofstân nimme mar net ôfstannelik 

Publisearre op 10 december 2015

SJOERD BOTTEMA – 

Henk van der Veer skriuwt yn trije talen: Snitsers, Frysk en Nederlânsk. It Snitsers is de taal fan syn hert. “Als ik emotioneel word, ga ik over in het Snekers.” It Frysk hat er oanleard. “Fries is voor mij een werktaal, die ik op school gebruik en tijdens het interviewen van schippers en plattelanders.” It Nederlânsk is foar him de ôfstannelikste taal. “Als ik ergens boven wil staan, dan ga ik over in het Nederlands.”

 

Hjir en dêr rint it dus út ’e hân, mar dy net te stuitsjen oerdwealskens hat ek wol wat sympatyks en jout it boek fleur en faasje nettsjinsteande de soms (letterlik) pynlike, benearjende en tryste sitewaasjes.

 

Blauwe engel over mijn borst is skreaun yn it Nederlânsk, dus we meie oannimme dat Henk van der Veer dêrmei ôfstân nimme woe fan wat him yn de ôfrûne jierren oerkommen is: in bypass-operaasje en dêrnei de revalidaasje en de re-yntegraasjeproseduere op syn wurk. Ferfelende en yngripende foarfallen yn syn libben dy’t er fan him ôfskriuwe woe. Ofstân nimme, mar dat wol net sizze dat de toan fan it boek ôfstannelik is, krekt oarsom, Henk uteret him graach yn superlativen, brûkt gauris de ‘overtreffende trap’ en struit royaal mei útroptekens. Bytiden leit er it der wol ris wat te dik op. As der bygelyks ien laket, dan skuort dy him meastal de bûsen út: “Hij schatert het uit en de tranen biggelen over zijn wangen van het lachen.” Soms hat dat útfergrutsjen in omkeard effekt: “(ze) laat haar tranen de vrije loop. Liters! Spontaan beginnen de andere aanwezige vrouwen ook te snikken.” De oerdriuwing docht ôfbrek oan it gefoel dat de skriuwer oerbringe wol: hoe oandien as syn dochter wie, doe’t er foar it earst wer by har yn ’e winkel kaam.

Hoewol’t de skriuwer fynt dat men flyt dwaan moat op jins taal – “Als je een taal spreekt, moet je in ieder geval proberen dat zo goed mogelijk te doen.” – giet er dêr sels wolris wat ûnberet mei om: “Het is sinds twee jaar dat ik onbewust in mijn onderbewuste constant met mijn eigen lijf bezig ben.” Onbewust in mijn onderbewuste? Dat is raar dûbeldop. Boppedat kin in minske net witte wêr’t er ûnbewust mei dwaande is, Henk van der Veer ek net.

Hjir en dêr rint it dus út ‘e hân, mar dy net te stuitsjen oerdwealskens hat ek wol wat sympatyks en jout it boek fleur en faasje nettsjinsteande de soms (letterlik) pynlike, benearjende en tryste sitewaasjes. Yn it lêste part fan it boek, as Henk te meitsjen krijt mei in yngripende reorganisaasje op syn wurk en in muoisum en net altyd botte relevant re-yntegraasjetrajekt, slacht de toan om en wurdt skerper en agressiver.

Yn earste ynstânsje wurdt der net botte adekwaat reagearre as Henk nei de dokter bellet mei in knipende, sangerjende pine op syn boarst dy’t hyltyd heftiger wurdt. “Het is net alsof de Blauwe Engel, een trein uit mijn jongensjaren, over mijn borst dendert.” Dokter kin net komme, Henk moat sels mar sjen dat er de praktyk hellet. Mar as er dêr oanbelâne is, komt de medyske masjinery daliks op gong en krijt er alle tiid en oandacht. Henk fertelt entûsjast oer syn wurk, ûnderwizer yn it spesjaal ûnderwiis. Hy draacht syn learlingen in waarm hert ta. Yn de revalidaasjeperioade ûndergiet er tankber de oandacht en stipe fan famylje en freonen.

Tefolle superlativen en útroptekens? Steurende flaters? Ach wat, een kniesoor die daarop let. Henk van der Veer is no ienris in flotte prater en dan moat men wolris wat oersljochtsje. Blauwe engel over mijn borst is yn ’t foarste plak in meinimmend ferhaal. Benammen it lêste part, oer de re-yntegraasje op it wurk, is fermaaklik. Hoe tryst ek, de skriuwer kin der (grimmitich) om laitsje en nimt de lêzer dêryn mei.

 

Henk van der Veer ‘Blauwe engel over mijn borst’ Uitgeverij Louise, Grou 2015. €15,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels