In oersetter op ’e swalk

SYBREN SYBRANDY – 

Master-oersetter Klaas Bruinsma is mei syn nijste publikaasje bedarre yn in foar him nij gebiet, it Latyn fan nei de klassike perioade en de midsieuwen, it neo-latyn. Yn de santjinde ieu wie dat dé literêre taal, salang’t de literatuer yn de folkstalen noch yn ûntwikkeling wie. Yn de achttjinde ieu rekke it gebrûk fan it neo-latyn beheind ta it universitêre fermidden. Yn Frjentsjer wie yn dy tiid wat it neo-latyn oanbelanget professor Johannes Schrader op dat mêd de grutte man. ‘Tijdens hetprofessoraat vanSchrader is Franeker eenkleinRome geworden’, sa seit J.P. Guépin yn syn Typisch Nederlands: de Latijnse poëzie.

Ien fan Schrader syn studinten wie Gadso Coopmans, dy’t letter, yn 1774, as professor yn de medisinen kollega fan Schrader wurdesoe. Coopmansis grif in nijsgjirrige figuer en faaks wol represintatyf foar wat je yn dy tiid allegearre belibje koenen. As studint en heechlearaar bleau er ticht by hûs; syn heit wie dokter yn Frjentsjer. Mar letter, doe’t er yn 1787 as patriot foar de oranzjisten flechtsje moast mei noch trije oare Frjentsjerter professoaren, moast er wol reizgje. Hy waard liifartsfan de graaf fan Benthem-Steinfurt en swalke troch Dútslân, België, Frankryk en Denemarken, oant er yn Kiel professor yn de gemy waard. Dêr bleau er ek nei syn pensjoen yn 1796 op de grutte bûtenpleats, dy’t er dêr yn de omkriten kocht hie. Hy rekke dêr letter noch yn ’e slach mei syn arbeiders, stof foar de roman De opstandfan de âld-Ljouwerter C.D. Andriesse. Uteinlik kaam er nei de Frânske tiid dochswer nei ús lân werom, en waard er dokter yn Amsterdam, dêr’t er yn 1810 stoar.

Coopmanspublisearre as professor fansels medyske en gemyske stúdzjes. As dichter waard er ferneamd troch in leardicht: Varis, sivede variolis carmen, dat er yn 1783 by de oerdracht fan it rektoraat fan de akademy foardroech. In rede yn de foarm fan fersen, dus. It fers ferskynde op ’e nij, mar dan mei Hollânske oersetting yn 1787 ûnder de titel: Varis, of de kinderpokken. Bruinsmahat al ris earder it leardicht Georgica fan Vergilius oerset(Lânwurk, 2002), in ferneamd klassyk wurk, dêr’t mear oersetters har oan weage ha. Al koe en kin der yn in leardicht yn prinsipe oer alle mooglike ûnderwerpen skreaun wurde, it tema fan Varisleit fansels withoefier ôf fan dat fan Georgica.

De pokken wiene oan de ein fan de achttjinde ieu tige aktueel; mooglik woe Coopmans by it wichtige ûnderwerp ek in keunstige foarm, passend by de gelegenheid fan de rektoraatsoerdracht, kieze. Mooglik wie it ek in kwestje fan neifolging, want der is in oar bekend leardicht, dat ek oer in sykte giet, nammentlikSyphilisfan Hieronymus Fracastorius, foar it earst ferskynd yn 1530. Neo-latinist Dirk Sacré hat yn 1996 in wiidweidich artikel publisearre: ‘An imitatorof Fracastorius’s Syphilis: Gadso Coopmans (1746-1810) andhisVaris’ (yn: Humanistica Lovaniensia, jrg. 45, s. 520-538).  De titel seit it al: Sacré toant oan dat Coopmans it wurk fan Fracastorius goed brûkt hat, en set foarbylden dêrfan op in rychje.

Sacré komt ek efkes op it ferhaal dat Varisoerset wêze soe troch Goethe, in ûnderstelling dy’t ek troch Bruinsma neamd wurdt. Bruinsma giet  te seil op W.B.S. Boeles, de bekende biograaf fan de heechleararen fan de Frjentsjerter akademy. Ek Guépin nimt dat yn it hjirboppe al neamde boek fan Boeles oer as er it oer Coopmans hat. In Dútske oersetting fan Varisferskynde yndied yn 1797 it tydskrift Die Horenfan Goethe syn freon Friedrich Schiller. Dy oersetting wie anonym. Nei alle gedachten, sa docht út paleografysk ûndersyk bliken, is dy oersetting, sa jout Sacré yn syn artikel oan, lykwols skreaun troch Georg Samuel Francke, kunde fan Coopmans yn Kiel. De oersetting yn Die Horenis net min, mar Goethe wie dêr net de makker fan.

Yn syn letter libben gong Coopmans op syn bûtenpleats te set mei in epos oer Peter de Grutte, de ferneamde tsaar, dy’t yn dy tiid tige populêr wie en dus ek in ûnderwerp foar de skriuwers en dichters. Doe’t er twa boeken/haadstikken fan syn epos klear hie frege Coopmans guon freonen en ek de Akademy fan Sint-Petersburg om kommentaar, en doe’t dat net geunstich wie, joech er it wurkjen oan syn epos oer. Der wiene mar in pear eksimplaren fan dizze Petreïsof Petreïdos(parallel oan bygelyks it Frânske Aeneïde) bewarre bleaun, en in kopy dêrfan is by de Nasjonale biblioteek yn Sint-Petersburg opfrege troch Bruinsma syn freon Jan Veltman.

Fersen fan en foar Gadso Coopmansbefettet no: in oersetting fan de Petréidos(1796-179?), in oersetting fan de Varis(1783), in oersetting fan Coopmans syn ôfkiedswurden by it dellizzen fan syn professoraat (1787), sa’t Boeles dy optekene hat, en oersettingen fan 14 loffersen foar Coopmans by it útsprekken fan syn ynaugurele oraasjefan studinten (1774), mei noch apart dêrby oersettingen fan útspraken oer Frjentsjer as akademy-stêd út dy fersen. Under dy studinten binne guon dy’t letter bekend wurdenbinne as neo-latynsk dichter lykas R. vanOmmeren, H. Bosscha en Th. vanKooten, of as gelearde, lykas Everwinus Wassenbergh. It falt jin by de list op dat de folchoarder kronologysk sjoen hieltyd omkeard is: 1796 foar 1783, 1787 foar 1774!

As ik no it gehiel fan dizze samling oersettingen besjoch, freegje ik my ôf, wêrom’t Bruinsma no krekt dizze wurken, fan krekt dizzer Frjentserter professor, oerset hat. De Petréidosis fanwegen te min sukses net ôfmakke. De Varis wie wol belangstelling foar, as jo sjogge nei it ferskinen fan de twadde edysje mei oersetting, en der sit ek in persoanlike noat yn om’t Coopmans syn eigen dochter ynintet, mar har sa dochsnet rêde kin fan de dea. Lykwols is it in toer om jin troch alle beskriuwingen fan de sykte hinne te wrakseljen, dy’t út en troch ôfwiksele wurdetroch klassike eleminten, lykas it oanroppen fan Apollo troch de dichter. De fersen fan de studinten, begjinners yn de keunst, hawwe bytiden wolris in aardige fynst, mar biede meast it wenstige patroan: it skilderjen fan de delegaasjes fan nimfen en goaden dy’t út Grikelân wei kommen binne nei it Fryske Athene, Frjentsjer, om dêr oan har held Coopmans hulde te bringen.

It is in fertsjinste dat Bruinsma ris hiel wat oars besocht hat, om in foar hjoeddeiske lêzers folslein ûnbekende wrâld iepen te lizzen, mar dizze fersen binne lykwols net de gaadlikste. Syn oerset-technyk is er fansels net kwyt en syn taal is like linich as altyd, mar hy hie op syn swalkerstochten troch de literatuer better wat oars útkieze kinnen.

 

 

Besprutsen: Fersen fan en foar Gadso Coopmans, professor yn de medisinen oan de Akademy fan Frjentsjer, út it Latyn oerset troch Klaas Bruinsma. Ljouwert, Elikser, 2013. 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.