fotografy: Robea Kleisma

Oer men, do en je: men wol ornaris wêze wêr’t je net binne en wêr’tst net komme kinst

BOUKE SLOFSTRA –

Kinst net altyd krije watst wolst. En dat is no ienkear sa, spitigernôch. You can’t always get what you want, seit in ferneamd lietsje yn it Ingelsk.

Eltsenien hat wolris foar himsels útfûn dat sokke sinnen net letterlik betsjutte wat se sizze. Do ek, bêste lêzer (ik bin eefkes sa frij om jo te dookjen). Want as ik sis datstó tefreden wêze moatst mei watstó hast, bedoel ik fansels te sizzen dat eltsenien it nimme moat sa’t it is. Dat jildt no ienkear altyd foar alle minsken, foar dy likefolle as foar my of wa ek.

It is yn in hiel soad talen sa dat je do sizze kinne en dêrmei ‘alleman’ bedoele. It wurdt ek yn in soad talen hieltyd gewoaner om dat te dwaan.

It selskip Tetman de Vries hie krekt nei de oarloch in justjes minder ferneamd lietsje as dat fan de Stones. It hie de titel Elts mei graach ris fiskje. (Op ‘e LP De tiid hâldt gjin skoft.) Dat gong sa:

Elts mei graach ris fiskje.

Dat is sok aardich wurk.

Oars nearne om te tinken

as om dy lytse kurk.

Begjint der wat te wippen,

dan hat men faaks al byt.

Mar wa’t dan net op it heljen past

rekket syn bearske kwyt.

Yn dy tiid wie it hiel gewoan om te sizzen fan dan hat men faaks al byt, mar no is dat net mear sa. Dan hast miskien al byt liket no folle algemiener te wêzen. Yn it Nederlânsk wurdt men hast net mear sein (inkeld noch skreaun), en mei it Ingelske one giet it krekt sa: one can’t always get what one wants is wat stiif en âldfrinzich.

It Frysk hat noch in tredde wize om itselde te sizzen, en dat giet mei it omnamwurd je: je kinne net hieltyd krije wat je wolle. Dat je freget om in tiidwurdsfoarm yn it meartal (kinne), want it is eins itselde as jo. Ik brûk dat ‘algemiene je’ sels in soad (sa’t jo, lêzer, hjirboppe miskien sjoen ha). Mar ik krij de yndruk dat dit je troch jongere minsken as mysels net sa faak mear brûkt wurdt.

Wêrom is dit ‘algemiene je’ yn it neigean? Dat soe miskien net sa wêze moatte. It hat ommers deselde foarm as it Nederlânske jeyn je kan niet altijd krijgen wat je wilt. En it Frysk fan de measte fryskpraters wurdt ommers hieltyd ‘hollânsker’? Blykber is it wurd dat yn ‘e measte gefallen jij en je betsjút (do kinst, of koarter: kinst) in bettere kandidaat foar ‘algemien’ gebrûk as it wurd dat it measte op Hollânsk je líket (je kinne). Miskien heart dy ûn-hollânske meartalfoarm wat nuver foar de Friezen fan hjoeddedei (je kinne tsjinoer je kan). Dat soe my gjin nij dwaan, want der binne minsken dy’t frysk-hollânske mingfoarmen brûke, lykas je kin.

Dat lêste foarbyld (je kin) wiist derop dat de ferbining mei jo by in oantal sprekkers hielendal ferdwûn is. En dat is net sûnder gefolgen. It betsjut dat je (!) op dy wize net mear alles sizze kinne wat je sizze wolle. Bygelyks: Elk moat no ienkear syn eigen húswurk meitsje want …

  1. … ast it húswurk net dien hast dan bistó (sels) it bokje (en net in oarenien).
  2. … als je het huiswerk niet gedaan hebt, dan ben jíj (zelf) de klos (en niet iemand anders).
  3. … at je it húswurk net dien ha, binne jó (sels) it bokje (en net in oarenien)

It liket my ta dat de sinnen (a) (yn it Frysk, mei do) en (b) (yn it Nederlânsk, mei jij) foar alle fryskpraters hiel gewoan binne, mar sin (c) (mei jo) net mear. En dan wurde de gebrûksmooglikheden fan dit ‘algemiene je’ minder. Dat soe grif net dé ferklearring opsmite wêrom’t it algemiene je liket te ferdwinen, mar miskien wol ín ferklearring. Wa’t it wit mei it sizze. Miskien binne jó it wol.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.