O jee, ze gaan allemaal dood…

ELSKE SCHOTANUS – 

It ljochtbeaken fan de stêd, dat it teatergebou fan Snits is, skynt út yn readens, ta teken dat der jûns in toanielfoarstelling brocht wurdt. Der is, yn de foyer, it ferwachtingsfolle rûzemûzjen fan in, foar it meastepart, jong publyk, middelbare skoallejeugd. Op it programma stiet ‘Hamlet’, brocht troch de spilers fan ’n Meeuw, de jeugdteaterskoalle yn Ljouwert.

Op in enoarme bank, it wichtichste en ienichste dekoarstik, sitte trije jonges, swarte brillen op, freonen fan Hamlet, de prins fan Denemarken dy’t – it ferhaal is bekend –  nei de moard op syn heit, de kening, omtizebosket mei gefoelens fan wraak, fan twifel, fan lilkens, wraak op syn omke Claudio, dy’t net alline de kening fermoarde, mar ek lilkens, op syn mem dy’t de moardner fan syn heit troude. ‘Volgens mij lopen ze ons te fokken’, seit ien fan fan de trije freonen.

Shakespeare’s taal is oanpast, net allinne oan it publyk, sûnder mis ek oan de jonge spilers. Ophelia, ferliefd op de prins, wurdt by him weiholden: ’Jullie kunnen niet samen,’ Hamlet ommers, is in ‘big shot’. Har mem, Polonia – yn it oarspronklike stik har heit – riedsfrou fan de nije kening, brûkt wurden as ‘input’, ‘competentie’, hat it oer in ‘win-win-sitewaasje’ en ropt ‘of you go’ en praat sa betiden in soart populêr klisjeetaaltsje. En mei in ‘Mam, ik háát je’ fuortfleanende Ophelia fertoant sy it pubergedrach dat it publyk fêst werkend ha sil.

Foar inkelde dialogen wurde wurdt gebrûk makke fan de smartphone en ien kear wurdt in dialooch brocht troch om bar nei de mikrofoan te rinnen. Der is in dûnssêne, der is it net nei te kommen tsjotterjen fan Hamlet’s freonen, klaaid yn skermtenue, dat wat in tekenfilmachtich effekt jout, der is in inkelde gûgeltrúk, eleminten dy’t it stik licht meitje. Sa tsjoent prins Hamlet mei inkelde hânbewegings op in stuit in reade bûsdoek foar it ljocht, dy’t er syn omke Claudio as posjet yn ’e bûse triuwt. Toch binne net op alle fronten oan konsesjes dien oan spilers en publyk. Under in sêne dêr’t Hamlet mei Ophelia fjochtet, sit in operastim en as, nei’t sy harsels tekoart dien hat, har stoflik oerskot yn in kiste yn tsjerke stiet, is it ‘Piu Jesu’ te hearren. Sawysa, mei de heftige gefoelens en barrens – moard, wraak, in ferkearing dy’t net kin, yntriizjes, waansin, selsmoard – is de tematyk, en dêrmei it stik, hoe licht ek brocht, tagelyk bloedserieus.

Yn ’e seal is it oardel oere lang mûskestil, oant it, earne achteryn, as de foarstelling ta in ein rint, ferheard klinkt: ‘O jee, ze gaan allemaal dóód…’

‘Ster van de avond is Tim Helderman als Hamlet. Nooit zag ik zijn monoloog der monologen zo glashelder vertolkt’, skreaun Gooitsen Eenling, ein novimber, yn de Ljouwerter oer de premjêre fan ‘Hamlet’ en Wiggele Wouda, yn it Frysk Deiblêd, weide sa’n bytsje de helte fan syn resinsje oan it talint fan de haadrolspiler. Toch is dat talint net allinne te finen by Tim Helderman, dy’t, nei myn idee, yn Snits in minút as wat nedich hie om de goede yntonaasje te finen, mar dêrnei yndie ‘belachelijk goed’ spile. Itselde jildt foar, bygelyks, Leoni Pirenne dy’t moai selsfersekere en folslein helder op ’e planken stiet as de keninginne. Hoewol’t dejinge dy’t Polonia ferbylde hie út en troch net goed te ferstean wie, wie de wize wêrop’t sy har snelle hjoeddeiske teksten brocht, hearlik om nei te harkjen. En Ophelia wie net allinne werkenber as it puberjende famke dat har moai fûl en dwers ôfset tsjin har mem, as yl sjongende waansinnige wie sy al like fantastysk as de stjer fan it stik. Nearne is te finen wa’t krekt hokker rol spilet, op de flyer net en op de website net – wêrom eins net?

Op de site fan ’n Meeuw, stean koarte stikjes fan âld-learlingen dy’t, nei’t se de jeuchdteaterskoalle dienen, in toaniel- of teateroplieding folgje of dy ûnderwilens ôfsletten ha en al in tal profesjonele rollen op har CV stean ha. Foar guon akteurs soe dizze ‘Hamlet’ likegoed in stapke yn har takomstige karriêre blike kinne.

 

‘Hamlet’ troch ’n Meeuw, útfiering 22 january yn Theater Sneek. Noch te sjen: tiisdei 28 jannewaris yn Posthuistheater Heerenveentiisdei 11 febrewaris yn De Lawei Drachten en woansdei 5 maart yn it Compagnietheater Amsterdam.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.