Obe, Fedde, Gysbert en …

JAAP KROL – 
De subzydzjebedraggen binne ferdield, de literêre prizen ek. de Moanne lokwinsket Anne Tjerk Popkema mei de Obe foar syn oersetting fan De Hobbit. de Moanne lokwinsket ek Elske Kampen mei sawol de Fedde Schurer publykspriis ás de sjuerypriis foar har bondel Fan glês it brekken. Dat dy twa literêre prizen fuort nei de útrikking ferdwine sille, hat hiel wat strideraasje jûn. Subzydzjes hawwe no ienris absurde grinzen, dy’t keunstners meitsje en brekke kinne. Mar lit ús ek ris sjen nei de winsten fan de nije ferdieling. Sawol ensafh as de Moanne kinne bestean bliuwe, wat needsaaklik is foar it behâld fan in dynamysk literêr klimaat. ‘Behâld’, sa’n wurd brûke jo trouwens allinnich mar yn kombinaasje mei ‘subzydzje’. Swartsjoggers sille dus sizze dat wy fierder gean mei behâlden, de mear optimistyske mins sil wize op de libbene Fryske taal, dy’t kenlik net stikken te krijen is.
Stikken of yn beweging, oplost of oanwêzich, twa literêre blêden betsjut twa poadia, twa mieningen en twa fisys. Twa stilen dus. Foar de Moanne betsjut dat dat wy foarearst mei deselde yntinsjes it blêd meitsje kinne – al sil der yn de takomst it ien en oar feroarje, want de digitale stoarm hâldt mar oan. Miskien moatte de Moanne en ensafh op ien mêd de hannen gearslaan en in nije literêre priis ynstelle, ien dy’t de Fryske literatuer yn beweging hâldt. In nije debutantepriis dus, neamd nei de man dy’t mei syn debút fuort de Gysbert krige: Trinus. Dat der oan dy priis gjin jildbedrach ferbûn is, liket my dúdlik.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.