Hang

Jaap Krol – It meast karakteristike perseel yn Laaksum hatmeardere nammen. Foarbygongers sille it miskien‘hok’ of ‘skuorre’ neame – of ‘onbewoonbaarverklaard … eh, gebouw’. De skriuwers yn dit nûmerneame it ûnder oaren ‘fiskhok’ (Willem Winters oer dehaven fan Laaksum), ‘visafslag’ (Susan van den Bergoer it wurk fan Willem van Althuis) en ‘pikelhok’(Kester Freriks oer de ferbining tusken kartografyen keunst). It moaiste wurd foar it ferware gebou is ‘hang’. Dat wurd ropt assosjaasjes op ‒ wat mei sâltelucht, hurde wyn en kâld wetter. Mar krekt sa goedalles dat mei bygelyks striid, stilte of ûnbehagente krijen hat. Miskien ek wol mei leafde en ôfskieen al dy oare yngewikkelde saken. As skriuwers inopdracht krije soene om fanút it neat in ferhaal oer ‘De Hang’ te skriuwen, dan soene jo yn elts gefal demeast nuvere en/of moaie ferhalen krije. Mits dat ferhaal mar thús skreaun wurdt fansels. De ferbylding krijt pas stal yn de saaie keamers op deearste ferdjipping fan it persoanlik ynrjochte hierhûsen net yn in subsidiearre keunstwenning yn de frijenatoer. Want wat is no Laaksum? In pear húskesom in ymprovisearre kafetaria hinne, dat is alles.Laaksum is net ûntstien om moai of ynspirearjendte wêzen. De hang is mear in namme as in gebou. As it gebou der net mear is, is der altyd noch dy moaienamme. Ik fyn dan ek dat it gebou oan de ferbyldingjûn wurde moat. It moat stadich ferrustkje, ferrotsje, ferwaarje en dan, op in grize dei yn novimber, rêstichynstoarte.
Erik Hanenburg sil it net mei my iens wêze. Yn inynterview fertelt er dat er de hang fan Laaksumferbouwe wol ta in hûs foar Fryske keunsten. Inbysûnder inisjatyf foar de fjouwer karakteristikewitige muorren oan it hûndert jier âlde haventsje,mar yn myn eagen desastreus foar de geast fan itgebou – al jou ik ta dat, as de nije hang der stean soe,ik dêr bêst wol in pear nachtsjes yn sliepe woe.De bydragen yn dit nûmer gean oer herinnering, behâld en it gefjocht tsjin de ferjitnis. Miskien gean seallegear wol oer de grinzen fan it ûnthâld. Laaksumis ommers it plakje dat wy allegear sa graach wêzewolle. De redaksje winsket jo dêrom lêswille ta.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.