In nije broek

Jaap Krol – Eltse kear as ik myn fakânsjejild krij, flean ik hurd nei de kleanwinkel. Dat giet net fan herten, want as echte man ha ik in hekel oan kleanwinkels. De fertroude broek útlûke om in nijenien oan te dwaan en dan út it pashokje stappe om dysels foar de spegel te bewûnderjen, bah. Meastal skriuw ik myn maat op in briefke, gean dan nei de winkel, sykje in broek út en betelje dy. Dat hat konsekwinsjes: faak, meastal nei de earste waskbeurt, is de broek te koart en rin ik foar Jan Witikwa oer strjitte.

Dit jier fûn ik dêrom dat it oars moast. Ik gie nei in echte spikerbroekespesjalist en liet my advisearje troch in spesjalist yn spikerbroeken. It holp: yn in kertier wie ik de saak wer út mei twa perfekt passende broeken, in blauwe Levi’s en in brune Mustang. It is noflik dat der minsken binne mei ferstân fan saken, dy’t fuort witte mei wa’t se te krijen hawwe en dy yn alle earlikheid fertelle wat wol of net kin.

Ik sit (noch) net op Facebook en App en twitterje ek net. Konservatyf en ôfsidich as ik bin wêr’t it giet om de sosjale media, hâld ik fêst oan myn leauwen yn de saneamde maakbaarheid van de samenleving. Keunstners hawwe belang by feedback, coaching, krityk en begelieding. Jelmar Hoekstra, dosinte drama, wiist yn dit nûmer op it belang fan goed ûnderwiis: ‘In lyts bytsje drama of muzyk op fêste mominten yn it jier, troch in goede fakdosint, makket al in hiel ferskil.’ Meindert Talma pleitet foar mear ynvestearrings yn it Frysktalich ûnderwiisprogramma. De kultuernota foar de kommende jierren hat sa in ferskaat oan reaksjes opsmiten, út alle lagen fan de keunstnersscene, dy’t de Moanne jo yn dit nûmer presintearje wol. It giet hjir fansels net om de takomst fan Fryslân, mar it tema is wichtich genôch foar in soad fan syn bewenners. Miskien wol allegear – hat net elkenien yn syn libben ien nedich oan wa’t er him spegelje kin? Of is dit no wer de korrekte miening fan in echte man mei de perfekte broek?

De redaksje winsket jo in soad lêswille ta.

 

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.