Scarlett

E: ‘Wieteke van Dort is weer thuis’, ‘Scarlett Johansson kan ieder moment verlovingsring verwachten’, sokke nijtsjes mei ik graach lêze op ynternet. Triviaal, posityf nijs.

S: Ja, en ‘Guus Meeuwis is de ultieme Nederlander’ stiet op Nu.nl. It sit yn ús natuer, Ernst, om ús te mjitten oan minsken dy’t heger op de maatskiplike ljedder stean. Guus is suksesfol, hat tûzenen fans, in prachtich hûs en, om it plaatsje dat wy ûnbewust fan in suksesfolle persoanlikheid foarmje kompleet te meitsjen, in hearlike frou. Syn mentale gemoed is net fan tapassing om’t er neffens boppesteande kenmerken minimaal in hearlik bestean hawwe moat.

Mar is it nijsgjirrich om te witten dat dy hearlike frou fan him spul hat mei har kapper? Nee. Want nei in pear tellen bist it wer kwyt. De ynformaasje op himsels nimst foar kennisjouwing oan. Miskien fielst lichte ferbjustering, mar it giet om dat lytse ûnbewuste mjitmomint, Ernst.

De meganyk fan dyn selsbyld is krekt wiskunde. It is ûntstien út de optelsom fan alle fergelikings dy’tsto bewust en ûnbewust oer dysels dien hast. Dyn selsbyld stiet yn direkte relaasje mei hoe’tsto dysels mei oaren fergelikest. Sûnder te fergelykjen soesto bygelyks net iens witte datsto Ernst bist. Dy fergelikingsdrang is de reden wêrom’t roddelblêden sa goed rinne. It fielt goed en akseptabel om te witten dat de Groten der Aarde siik wurde, in poat brekke, frjemdgean en dingen dogge dy’tsto ek dochst. It sterkt dyn positive selsbyld.

Sa fûn ik it bygelyks ek net heel nijsgjirrich om te lêzen dat de kat fan skriuwer Cornelis van der Wal siik wie. Mar wat my wol goed die is it feit dat ien fan de grutste Fryske skriuwers gewoan ferskriklik ûnwennich wêze kin.

Dy roddel en achterklap is dus net altyd like nijsgjirrich, mar wol goed foar dyn selsbyld. Dat iene ûnbewuste mjitmomint dat docht it him, Ernst. Dat is goed foar dy. Gean troch mei dy koppen te lêzen. Kin gjin kwea.

E: It is goed mei dy en dyn ûnbewuste prosessen. Dr. Phil komt ek út Berltsum, is ’t net sa? Lit my dan mar wer foar de reële noat soargje en de highculture der by helje. M. Februari, in te faak ûnderskatte skriuwster, hat alris har beklach dien oer de niget dy’t skriuwers hawwe oan ‘het lelijke, het verdorvene, het onaanzienlijke, de zelfkant van de dingen, rottend, gistend en druipend, in plaats van een liefdesgeschiedenis in een voorjaarsweide’. Ik soe graach ris in roman lêze dy’t my krekt like bliid makket as it berjocht oer de oankommende ferloving fan Scarlett.

S: Woesto de Scarlett fan de Fryske literatuer fine? Keep on dreaming, seit dokter Sito.

Ernst Bruinsma en dr. Sito Wijngaarden

Comments
Ien reaksje oan “Scarlett”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.