Miljoenen

In groep mannen (jong yn dit en jong yn dat) is op syk nei miljoenen, foar in nije generaasje Friezen. Sy dreame der fan om Fryslân yn de 21e ieu te tillen fia ‘in koerts rjochte op it ûntwikkeljen fan selsbetrouwen, basearre op eigen talinten. Dan krekt komt yn de provinsje in beweging op gong. Dan krekt tsjinnet him in sterke ekonomyske, sosjale en kulturele dynamyk oan, droegen troch in nije generaasje Friezen, dy’t in takomst op autentisiteit en orizjinaliteit mooglik meitsje wol. […] It fisioen fan 2018 is de nó absolút needsaaklike ympuls foar in plattelânsregio dy’t it kategoarysk ferdomt om noch fierder te fertutearzjen.’

En dan is der fansels dy hippe groep mannen (digitaal yn dit en digitaal yn dat) dy’t ek klearstiet om miljoenen út te dielen. Dy groep wol graach grutte bedraggen besteegje oan in saneamde ‘digitale agenda Fryslân’, want der is hjir oars hast net mear in bestean op te bouwen, sa moat ik begripe: ‘Met de Digitale Agenda Fryslân geven we de kwaliteit van leven in Fryslân een nieuwe impuls; de samenleving heeft het nu nodig, dat weten we eigenlijk allemaal. De Digitale Agenda Fryslân wil de inwoners van Fryslân aanknopingspunten bieden om vanuit de hun kenmerkende “zelfredzaamheid” nieuwe manieren te vinden om zich wel te bevinden.’ Dy dûbele heliks fan selsredsumens en autentisiteit begjint al aardich yn myn holle om te draaien.

En dan is der koartlyn noch in groep mannen by kaam. Sy (âld yn dit en âld yn dat) freegje oardel miljoen euro om in maatskiplike diskusje te organisearjen oer it Frysk en om in referindum te hâlden. Der moatte debatjûnen komme en men wol de skoallen by del om mei de bern oer it Frysk te praten.

Ik wit net oft ik it yn dizze tiid wol sa fatsoenlik fyn om firtueel mei miljoenen te smiten as wienen it sniebaltsjes. Fansels, fisioenen meie jild kostje, mar dan moatte it gjin fata morgana’s fan it flakke lân wurde. Dizze mannen (groepkes fan dit en groepkes fan dat) sjonge harren sels hieltyd losser fan it deistich libben. It is hast as mei de 50 oant 100 miljoen dy’t wy op sy minst fertsjinne hienen, wie de Tocht der Tochten der al kaam. De takomst wurdt eins betelle mei bearenburch en snert en dat it op âld iis better frieze sil, dêr komt fansels neat fan telâne.

Ernst Bruinsma

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.