Noorder Compagnie yn Museum Dr8888
Op snein 24 maart iepenet yn Museum Dr8888 de útstalling Toneelgroep Noorder Compagnie, de beginjaren. In oersjochstentoanstelling fan in bysûnder toanielselsskip dat syn oarsprong yn Drachten hie, mei artistyk lieders Jaap Maarleveld en Manon Alving en akteurs as Rutger Hauer en Joop Wittermans. De iepening sil plakfine yn de swarte seal fan de Lawei yn Drachten om 14.00 oere.
Tagelyk mei dizze tentoanstelling ferskynt in special fan de Moanne oer de Noorder Compagnie oan de hân fan ynterviews troch Marita de Jong, mei benammen de artistyk lieders Jaap Maarleveld en Manon Alving.
De tentoanstelling yn Museum Dr8888 rint fan 24 maart o/m 12 maaie 2013. Sjoch foar mear ynformaasje: Museum Dr8888.