NFF is film sjen, mar ek genietsje fan dûns, muzyk en lekker iten

FROUKJE SIJTSMA – 

Op de 36ste edysje fan it Noardlik Filmfestival (NFF) yn Ljouwert binne tusken 11 en 15 novimber rom 150 films en dokumintêres te sjen. It is it resultaat fan hast in jier hurd wurkjen troch ûnder oaren programmeur Fredau Buwalda.

It is no foar de twadde kear dat Fredau (29 jier) it programma gearstalt foar it NFF. De ideale baan as filmspesjalist. Yn 2009 rûn se staazje by it filmfestival. It jier dêrop krige se in baan by it filmhûs yn Ljouwert. Doe’t de funksje fan NFF-programmeur foarich jier beskikber kaam, wie se dan ek al rillegau yn byld. “Dat wie natuerlik in dream dy’t útkaam!”, fertelt Fredau.

 

“Yn it noarden – yn brede sin – bart fan alles en dêr kinst gebrûk fan meitsje. De Waadferiening fiert dit jier byfoarbyld it 50-jierrich bestean. Dêrom hawwe wy in Waddenspecial mei twa moaie natoerdokumintêres.”


Films útsjen moatte
As programmeur fan ít filmfestival mei fokus op it noarden (Lege Lannen, Scandinavië en Baltyske Steaten) sjocht se in hiel soad films. “Ik haw dit jier al nei ferskate filmfestivals west, yn Rotterdam, Nijmegen en it Noarske Haugesund. It grutste filmfestival fan Skandinavië yn it Sweedske Göteborg mocht ik fansels ek net misse.” Thús sjocht se noch mear films fia spesjale websides foar programmeurs. “Hûnderten films en dokumintêrs yn it jier komme der foarby. Ek as ik de film hielendal neat fyn bliuw ik sjen. Ik bin net sa goed yn ôfheakjen”, laket se.

“Minsken sizze wolris: do hast in relaxte baan. De hiele dei wat op dyn kont sitte en films sjen.” Fansels komt der folle mear by sjen om in programma gear te stallen. “Je moatte rekken hâlde mei in breed publyk.” De grutte filmfanaten moatte betsjinne wurde, mar ek minsken dy’t net sa faak films sjogge wolle fermakke of rekke wurde.

Se moat dus rekken hâlde mei ferskillende doelgroepen. “Foarich jier hienen we as iepeningsfilm ‘Aanmodderfakker’. Gjin Arthouse film, mar in leechdrompelige film oer in altyd dronken studint.” Dit jier wurdt it festival iepene mei de Belgyske film ‘Je suis mort mais j’ai des amis’. Oer in rockband dy’t in roadtrip makket troch Amearika.


Praat oer it Waad
Om it filmfestival foar in soad minsken nijsgjirrich te meitsjen, is it belangryk om brêgen te bouwen, seit Fredau. “Yn it noarden – yn brede sin – bart fan alles en dêr kinst gebrûk fan meitsje. De Waadferiening fiert dit jier byfoarbyld it 50-jierrich bestean. Dêrom hawwe wy in Waddenspecial mei twa moaie natoerdokumintêres.” Fierder prate ferskate programmamakkers fan natoerfilms, lykas Ruben Smit fan De Nieuwe Wildernis, fierder oer harren fak.

Foodmarkten binne hot. Sneintemiddei is der in foodmarkt yn de hal fan it Fries Museum. In goeie kombinaasje mei de koarte films dy’t te sjen binne mei in blik op ús iten hjoeddedei. Fredau: “It Noardlik Filmfestival is mear as film. It is ek ite, fan muzyk genietsje en dûnsje op de feestjes.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.