It net witten is it begjin fan it kreatyf proses

Publisearre op 21 september 2005

MARITA DE JONG – 

Akteur Thijs Feenstra is in 1959 berne yn Snits. Hy is sûnt 1985 geregeld by Tryater te sjen, mar is net allinnich yn Fryslân aktyf. Hy spile ûnder oaren by toanielselskip De Appel, stie mei Willem Nijholt yn Private Lives fan Noël Coward en wie yn ferskate films en televyzjesearjes te sjen. Yn it petear dat ik koartlyn mei him hie, praten we ûnder oaren oer Shakespeare, Tsjechov en net yn it lêste plak oer Tryater. It selskip dat him de kâns jûn hat akteur te wurden en him yn ’e kunde komme liet mei de wrâldliteratuer.

 

Shakespeare en Tsjechov 

‘Myn earste rol by Tryater wie Lysander yn Dreame by Midsimmernacht fan William Shakespeare ûnder rezjy fan Thom van der Goot, dy’t doe artistyk lieder wie. It wie 1985, ik hie krekt de oplieding oan de Akademie voor Expressie door Woord en Gebaar yn Kampen ôfmakke. Einliks wie ik fan doel dosint te wurden. Dochs hie ik my foarnaam in pear jier te besykjen oan it toaniel te kommen en it dosintskip op in sydspoar te setten. Foar myn gefoel wie it wichtich sels ûnderfining op te dwaan om sa noch better oer bringe te kinnen wêr’t it om giet.

Op de flier moat in akteur dy ûnwissens opsykje.

Dêrnei joech Thom my de kâns om, neist Jan Arends, de haadrol te spyljen yn syn ôfskiedsfoarstelling Equus. It wie in grut sukses en ik makke sadwaande in fleanende start. It is in foarbyld fan kleare mazzel, in kwartsje dat op syn plak falt. Jan is in geweldige kollega dy’t my yn dy begjinperioade goed opfongen hat. It wie myn earste dragende rol en dy jonge moast wól goed delset wurde. Koartlyn noch sprutsen minsken my op dy rol oan. Dat is fassinearjend, dan is der dúdlik wat hingjen bleaun en it betsjut dat it stik dy minsken rekke hat.
Nei Equus wiene de resinsinten om: “Nei Dreame by Midsimmer koene jo noch je twifels ha, yn dit stik is Thijs Feenstra folslein op syn plak”, skreau ien fan harren. Yn dy begjintiid kaam de rol fan Romeo ek op myn paad. Andy Daal hie de rezjy. Oan him ha ik in soad hân. Hy hat my ûnder oaren leard hoe ik mei de teksten fan Shakespeare omgean moast. Dy teksten binne sa kompleks. Dêr moatte jo muoite foar dwaan om dy te begripen. Dêrom steurt it my ek dat it hjoed de dei op skoallen allegear ‘leuk’ wêze moat. Learlingen krije alles yn hapkleare brokken oanlevere. Jo hawwe tiid nedich om ferdjipping te krijen. Troch kennis leare jo it ferbân tusken dingen te sjen.

Yn Equus, in realistysk stik, koe ik my doetiids goed ferbine mei de wrâld fan dy jongen. De teksten fan Shakespeare lizze kwa foarm en taal fierder fan ús ôf. Dan moatst as akteur in omgeande beweging meitsje, foardatst it ta dysels bringe kinst. Nim in sitaat as:

 

O leafde fol fan haat

o haat fol fan leafde

sa út it neat ûntstean

en dochs alles omfiemjend

 

Dêr sitte tsjinstellings yn. Jo moatte as akteur begripe kinne op hokker wize Romeo syn gefoelens ûnder wurden bringt. By Shakespeare is in tekst as in partituer, dan wer filosofysk, dan wer hiel konkreet. Midsimmer wie foar my snuffeljen oan it fak, yn Equus foel alles teplak en krige ik it gefoel dat ik it koe. Doe’t de rol fan Romeo kaam, wist ik dat ik it aktearen yn my hie en koe ik fierder wurkje oan it fakmanskip.

Kening Lear fyn ik ien fan de moaiste stikken fan Shakespeare. Yn 2003, op de earste dei fan de repetysjes, ferstoar ús mem. Myn kollega’s wiene der foar my, Tryater hat in stel goeie minsken. Ik hie dy feilichheid nedich om goed te funksjonearjen. ‘Kening Lear’ giet oer alles, it is prachtich materiaal, foaral troch dy ferskate lagen yn it stik. It is sa allesomfiemjend datsto ek dyn fertriet deryn werkenst. It frjemde wie dat ik my dochs ek hiel gelokkich fielde. Dea is wat hiel eksistinsjeels. De stikken fan Shakespeare geane altyd oer eksistinsjele dingen.

Neist Shakespeare is Tsjechov myn favorite toanielskriuwer. Normaliter is der in held en dêr bart wat mei. Sa net yn de stikken fan Tsjechov. Hy beskriuwt de deade mominten. Yn in ynterview met Thom Wolf, dat ik koartlyn lêzen ha, seit Wolf dat in autobiografy de grutste leagen is dy’t bestiet. Neffens him wurdt der in moai ferhaal makke, mei alle hichte- en djiptepunten op in rige. En dat wylst it libben foar 75 prosint út teloarstellings en fernederings bestiet. Oer dat part fan it bestean skriuwt Tsjechov. Jo ha it gefoel as sjogge jo by de minsken troch de brievebus. Syn stikken binne foar in part komysk, foar in part tragysk. De haadpersoanen wolle der wat fan meitsje, mar it brekt se by de hannen om ’t ôf.

By Shakespeare is in tekst as in partituer, dan wer filosofysk, dan wer hiel konkreet.

 

Unwissens opsykje        

Neist myn wurk by Tryater ha ik in soad frije produksjes en televyzje dien. Trije Shakespeares ha ik spile mei Ton Lutz, Pierre Bokma en Gijs Scholten van Aschat. Dat binne grutte nammen, dêr ha ik in soad fan opstutsen. Ast de hiele dei goeie muzyk hearst, geane dy de earen dernei stean. Mei regisseur Erik Vos ha ik wurke by De Appel. Hy hat in moai boekje skreaun dêr’t er yn beskriuwt hoe ’t it kreative proses yn gong set wurdt. As foarbyld brûkt hy in fûgel dy’t op har aaien sit. Ynienen ferskynt in foks. Wat te dwaan? Fuortgean, it fege liif rêde en de aaien opofferje of sitten bliuwe, him opfrette litte sadat de aaien sparre wurde? Dat is een eksistinsjele twifel. It net witten is it begjin fan it kreatyf proses. Ast foar dyn hûs stiest en hast de kaai ferlern, hoe losto dat dan op?

By toanielrepetysjes giet dat krekt sa. Op de flier moat in akteur dy ûnwissens opsykje. Yn dat proses moatte je dom doarre te wezen. Dat kin neffens my allinnich yn in omjouwing wêr’st dy fertroud fielst. Ik ha dat wol leare moatten. Doe’t ik krekt begûn wie ik bang om flaters te meitsjen. No tink ik, as ik it net goed doch, dan is dat net slim en besykje ik it nochris. De juste siel moat yn dy krûpe, je moatte it momint fan tefredenheid sa lang mooglik útstelle. It is minsken eigen dat se it leafst alles ûnder kontrôle hawwe. Dat jout in seker gefoel. Dramatysk sjoen wurdt it dan pas nijsgjirrich, ast de kontrôle ferliest.
Foar lytse bern moatte jo as âlden in soad dingen goed regelje. Dat wit ik út ûnderfining. Op ’e tiid in miel iten, op ’e tiid op bêd, in skjin ruft. Dochs is yn de kontakten mei bern romte foar ûnferwachte dingen, dan lit ik dy dingen op my ôfkomme. Sa is it ek mei toaniel. As akteur moatst dy goed tariede, dan kinst romte meitsje foar spontane ynfallen, kinst dingen loslitte. Do moatst de ûnbefongenheid dy’t in bern hat, besykje werom te finen. Dy ferwûndering. Foar in part fiel ik my noch bern, yn de goeie sin fan it wurd. Dêrom hâld ik sa fan aktearen. It is in ûnferantwurdlik, mar fantastysk fak. It hat wat frijbûtserichs, jo wurde twongen je fantasy te brûken, in oare kar te meitsjen. As akteur sjochst altyd skeef nei de werklikheid.
Sensitiviteit

Tryater is in fariearre selskip mei in ferskaat oanbod oan stikken en foarstellings, fan grutskalige projekten oant foarstellingen foar beukers yn in klasselokaal. As akteur krigest de kâns om al dy foarmen fan toaniel te spyljen. It bysûndere is dat it selskip bewust rekken hâldt mei harren publyk. It is op syk nei de dialooch mei de taskôger. It selskip is ynbêde yn in sosjale kontekst en set dat yn om ferbinings te lizzen mei oare wrâlden. Dêrom fiel ik my by Tryater op teplak. As ik spylje kin, bin ik gelokkich. Dochs wol ik der net ôfhinklik fan wêze. As ik net mear op toaniel stean kin, bin ik dwers genôch om wat oars te dwaan.

In akteur is egosintrysk mar as jo yn je wurk de ultime steat berikke is it ego net mear yn it spul.

Koartlyn wie ik op de set fan de film Sportman fan de ieu, dêr’t ik in rol yn spylje. Ik rekke oan ‘e praat mei kollega Lou Landré en sei dat ik him op ’e radio heard hie yn it programma Kunststof. Hy brûkte yn dat ynterview in sitaat út Richard II fan Shakespeare. It is in geweldich sitaat.

Maar wat ik dan ook ben,
noch ik, noch wie dan ook,
die niets als mens is,
raakt ooit voldaan,
voor het idee hem troost
dat hij niets is.

In akteur is egosintrysk, dochs as je yn je wurk de ultime steat berikke is it ego net mear yn it spul. De akteur is, yn de bêste sin fan it wurd, in yntermediair tusken de wrâld foar en achter it ‘finster’. Hy set al syn talint yn en as it goed is, berikt er in steat dat it einliks net mear om him giet. Shakespeare hat dat sa goed ferwurde. Dat is de paradoks fan dit wurk. Je moatte in foarm fan yntelliginsje hawwe, of neam it sensitiviteit, dy’t fierder as je eigen ego leit. Dêr begjint de wierheid fan it toanielspyljen.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 10-13.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]