Museum Princessehof wer iepen; ‘als deur naar het verleden’

Publisearre op 30 november 2017

BERT DE JONG – 

Keunstleafhawwer Nanne Ottema sammele syn hiele libben tûzenen stiks porslein en ierdewurk foar wat no Keramiekmuseum Princessehof is. Konservator Eline van den Berg fertelt it ferhaal derby: “Het is een deur naar het verleden.”

Sy wrotte yn de âlde grûnlagen fan Mongolië. Laach nei laach en hieltyd wer wienen der skerven te finen fan prachtich keramyk. Oer it bjusterbaarlike fan de Aziatyske keunst kin Eline van den Berg (31) hûndert út fertelle. “Keramiek, van een kendi tot een keizerlijke drakenkom, vertelt verhalen over volken en religies.”

 

“Ik tink dat se by it Rijksmuseum wol jaloersk binne.”

 

As konservator Aziatische Keramiek is Eline van den Berg (31) hiel belutsen west by de nije ynrjochting fan Keramiekmuseum Princessehof. It ienige ryksmuseum fan it Noarden is hielendal fernijd. Nei de offisjele iepening is it fanôf 2 desimber wer iepen foar publyk.

Foar Van den Berg bestiet der gjin twifel. Keramyk fertsjinnet in plak yn in museum. “Het is een van de meest kardinale beschavingen van een volk.” Sy wie op 27 novimber ien fan de sprekkers op it sympoasium yn Ljouwert fan de Ottema-Kingma Stichting dat yn it teken stie fan de weriepening en it jubileum fan Princessehof.

It is yn 2017 hûndert jier ferlyn dat de bysûndere samling fan notaris en keunstleafhawwer Nanne Ottema foar it earst te sjen wie yn it monumentale gebou dat hearde ta it ferbliuw fan prinses Maria Louise, by de Friezen better bekend as Marijke Muoi. Alles wat Nanne Ottema en de eigensinnige Burgumer samler Anne Tjibbes van der Meulen foar syn ‘Indische Verzameling’ garre hienen, wie moai te plak.

Nea sil Ottema betocht hawwe dat Princessehof no in foaroansteand museum is, ek ynternasjonaal. It museum lûkt fan fier besikers, foaral fanwege de bysûndere kolleksje oan Sjineesk porslein, Delfts Blauw en út eigen lân ek art-nouveau en art-deco.

Mei ynset fan Van den Berg ha de tûzenen stikken keramyk in nije opstelling krijgen. De ynfloeden fan East en West wurde sichtber. Tagelyk lit it museum sjen dat keramyk fan alle tiden is.

It is har al langer dúdlik dat it hieltyd mear in slach om de besikerssifers is. Mei grutte útstallingen as Sexy Ceramics, Groen Geluk en Ming is it slagge om in stream nije gasten nei Ljouwert te krijen. En dan komt de ynteresse foar de argeolyske kant fan de saak fansels. “Je wilt ook iets inhoudelijks vertellen.”

Njonken de fêste opstelling op de earste ferdjipping, dêr’t foar it earst ek de komplete kolleksje fan 48 ikoanyske KLM-húskes fan Delfts Blauw te heart, binne der tenei fjouwer oare eksposysjes mei hjoeddeistich keramyk. Te sjen binne In Motion, mei grutte keramyske ynstallaasjes, sa as in libbensgrutte inketfisk. Yn oare sealen binne EKWC@Princessehof fan Caroline Coolen en nij wurk fan Johan Tahon en Floris Wubben te sjen.

En fansels ha de nijste oanwinsten in prominint plak yn it museum. It binne twa hiel seldsume vazen fan ierdewurk út de Amsterdamske fabryk Blankenburg fan Ary Blankers. Se binne fan om en by 1750 en hast 50 sentimeter heech. De Ottema-Kingma Stichting, dy’t hoedet en noedet oer it erfguod fan Nanne Ottema en syn frou Grietje Kingma, hat se yn de maitiid fan 2017 yn Londen kocht.

It OKS-bestjoer fûn it in passend geskink yn dit jubileumjier. Dêrom is it sa lang stil hâlden, al hoe graach men it ek oan de wrâld fertelle woe. It binne pronkstikken, prachtich iepenwurke en kleurd ierdewurk. “Ik tink dat se by it Rijksmuseum wol jaloersk binne”, seit foarsitter Lourens Oldersma.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels