Moaie foto foar op ’e kiste

Publisearre op 14 mei 2012

Anne Feddema – Noch trije moanne (as jimme dit lêze twa of ien, of ik bin al twa jier wer werom of noch langer en sit al sûnt minskeheugenis wer earne oars of bin sels dêr al wer fan weromkaam, tsja… sa krije je sa’n kollum wol folskreaun minsken, mar ik fyn dat, as it heal kin, je skriuwe moatte sa as je prate soenen), no ja, noch trije moanne, op dit stuit, foar my dan… hehe…, yn Berlyn, dan ha ik hjir in goed oardel jier sitten (en dan net sa as Franz ‘Berlin Alexanderplatz’ Biberkopf, yn ’e finzenis fan Alt Tegel mar yn myn smûke kreaze DDR Plattenbautenflatsje Sewanstraße am Tierpark, Berlin Friedrichsfelde). Ik hie en ha it geweldich nei it sin hjirre, mar jimme kenne dat wol…

Oan alles komt in ein en oan alles sit wer in nij begjin, dizze wrâld is de bêste fan alle tinkbere wrâlden, no ja de wrâld dêr’t je op dat stuit tahâlde dan… is dat Leibnitz de Keksen… koekjesfilosoof of de Feddemafilosoof? Mar om in lang ferhaal noch wat langer te meitsjen… de sinten binne sawat op en ik wol ek net folslein útpoept wer yn ús Heitelân weromkomme, der moat noch in bytsje trochstartkapitaal foarhannen wêze fyn ik. Want wat ik hjirro fia myn laptopfinster op ’e wrâld wol goed begrepen ha, is dat der minne tiden oan sitte te kommen, of binne se der al en wienen se der altiten al.

Ik bin der wis fan dat ik dêr gjin lêst fan hawwe sil… it komt sa as it komt, mei of sûnder jild. Je moatte je gewoanwei gjin mûzenêsten yn ’e kop pleatse litte, troch saken of omstannichheden dêr’t je gjin ynfloed op útoefenje kinne. Sa wiis wie ik eartiids ek net hear en ik moat der fuort by sizze dat net oeral op reagearje wat oars is as hielendal net mear reagearje en fergroeid mei it bankstel wêze. Ik bedoel, je moatte je net alles samar gewurde litte mar oer it generaal, benammen yn ’e wrâld fan ’e keunsten… der barre saken of se barre net.

As je wat fange wolle, tsien angels útgoaie, dat wurk, en bliid wêze as je mei ien angel wat fongen hawwe. Count your blessings en de bealch derfoar… in strieljende positivo bliuwe of besykje te bliuwen yn elts gefal en ja… dat is net altiten maklik. As je earne oars binne, yn myn gefal in moai skoft yn it bûtenlân, begjint op te fallen hoefolle minsken (famylje, freonen, kunde) der komme te ferstjerren en dat je dan net altyd by in kremaasje of begraffenis oanwêzich wêze kinne (je soenen der miskien fia Skype wol in bytsje by wêze kinne mar it falt op dat der mar komselden minsken Skype brûke út myn freonerûnte en faaks wol de famylje fan ’e ferstoarne dat ek perfoarst net).

Dochs soe it net sa’n ferkearde oplossing wêze neffens my. Live by de dea… no foar iderien, ek foar jo! Je kinne de klok der letterlik op lyk sette, dat as je sels âlder wurde der hoe langer hoe mear minsken út je neiste omjouwing, âld en jong, begjinne wei te fallen. In pear kear koe ik der sels by wêze, in pear kear ha ik in kaartsje stjoerd en fan guon hearde ik pas in hiele tiid letter dat se der de brui oan jûn hienen, en dan net fan ’e persoanen yn kwestje fansels. Mar wat as de freonen, yn dit gefal, net dea binne mar har as dea gedrage, neat (mear) fan har hearre litte, wylst je (ik dus) fan alles dogge om kontakt te hâlden. Ik bedoel as Facebook it wiere libben begjint te wurden of oarsom, dat soe ek kinne fansels.

Untfreonje, ûntfreone, ha ûntfreone… ik sil meikoarten ûntfreonje moatte en ik kin jimme sizze: ‘IK HA UNTFREONE’, dat kin noch wat wurde hear. Wienen Aristoteles en Cicero mar oan it Skypen, dan hienen se my noch hiel wat oer freonskip bybringe kinnen, lokkich steane harren tinzen oer Amicitiae opskreaun yn kreaze âlderwetske boeken, miskien ek wol, fêst al, op e-book-display-nivo. Mar hoe dan ek, ik wol it bêste foar myn freonen sels al krij ik der neat mear of hieltyd minder foar werom.

Bin ik dan sels sa’n goeie freon? Ik hear it jimme tinken, oer my dan of dochs oer josels? Ik bin de bêste freon dy’t je krije kinne (op Facebook) en yn it wiere realtime life barren dan? Tsja, dat soenen jimme oan myn freonen freegje moatte, nodat se noch libje. De echte freonen witte sels wol hokfoar muzyk der draaid wurde moat op myn kremaasje en hokfoar praatsje der hâlden wurde moat… (soe dat sa wêze?, ik moat it der mar ris oer ha mei de freonen, foardat ik se ûntfreone ha). Ik sykje no alfêst in moaie foto út foar op it deksel fan ’e kiste. Salút sûnder wurden oan al myn famylje, FREONEN, kunde. Mar earst mar wer op hûs oan om te stjerren, de minsken kinne per slot harren reisjild wol brûke foar de minne tiden dy’t der oan sitte te kommen… en dat se der oankomme, leau my mar… ik ha it bêste mei jimme foar… IK BIN JIMM’ FREON!

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]