Midwinterkeunst yn Nij Beets

Publisearre op 17 december 2018

TSJOMME DIJKSTRA –

‘Te plak’. Binne je oan de ein fan in reis op it einpunt oankommen dan is dat wat je faak sizze. Dan binne je te plak. Dat is net itselde as thúskomme. Ek yn in frjemd lân, tusken ûnbekende minsken, dêr’t je nea earder west hawwe, kinne je ommers dochs ‘te plak’ wêze, bygelyks as je op je fakânsjebestimming belâne binne.

 

Te plak wêze is in gefoel, in gefoel yn jesels, tocht se. En dêr ha je sels ynfloed op.

 

Yn sokke situaasjes is dúdlik wat je doel is en wêr’t je hinne gean. Der binne ek situaasjes dat dat doel ûnbekend is, dat immen net wit wêr’t hy of sy te plak is. Tink oan immen dy’t op de flecht is. As je op syk binne nei in nij ûnderkommen. Wannear witte je oft je earne te plak binne?

Keunstners út it hiele lân hawwe nei in oprop fan de wurkgroep Kunst in Opsterland oer dy fragen neitocht. Har ôffrege hokker faktoaren útmeitsje oft je je earne te plak fiele. Fjirtjin fan harren ha der in keunstprojekt fan makke dat dizze moanne twa dagen te sjen is yn iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets. Der is in skilderprojekt by, fan Jelle Schotanus, mar der binne ek projekten fan ynstallaasjekeunst en performancekeunst by.

Ferskate binne te sjen yn ien fan de feanarbeidershúskes, guon op op oare lokaasje op it terrein fan It Damshûs. Besikers kinne in gong oer it museumterrein meitsje en de projekten by delgean. De húskes binne ferljochte en der is muzyk fan Bennie Huisman (freed) en folkgroep Sa4 (sneon) en winterske kost by, sadat it yn it tsjuster fan desimber in sfearfol belibjen belooft te wurden.

Ek Tjitske Langhout út Drachten en Yvette de Koning út Grou, dy’t inoar kenne fan de Kunstacademie yn Ljouwert, hawwe in projekt realisearre. Se waarden op in spoar set doe’t se it museumterrein mei de turfgravershúskes beseagen. Tjitske: “Wy krigen doe ek in rûnlieding by It Damshûs. En dy man koe der moai oer fertelle. Op in gegeven momint sei hy: ik soe leau ik op elk plak gelokkich wêze kinne. Dat wie wol yts dat my ynspirearre.”

Te plak wêze is in gefoel, in gefoel yn jesels, tocht se. En dêr ha je sels ynfloed op. Je te plak ‘fiele’ hat wol deeglik ek te krijen mei je thúsfiele en mei ta rêst komme, tinkt Yvette. “Want as je ferhúzje moatte, sjitte je yn de stress.”

Mar oft je je bestimming fine, hinget ek likegoed fan it lot ôf, betochten se: wêr en yn hokker omstannichheden je berne wurde, dêr ha je gjin inkelde ynfloed op. Sa redenearjend kamen de froulju op it idee foar in spultsje Russyske roulette: minsken lûke in nûmer, gean sitten en leare dan ‘har lot’ kennen. Yvette: “Wêr’tst ek terjoche komme silst, úteinlik bliuwt dat in lotterij.”

 

 

 ‘Te plak’. Op 28 en 29 desimber fan 14.00-21.00 oere. Entree 2,00 euro. It Damshûs, Nij Beets.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels