fotografy: Marcel van Kammen

In wat meagere knypeach foar ikoan Rense Westra

RYNK BOSMA – 

De lêste fyftjin jier fan syn libben wenne Rense Westra (1946-2015) yn it wetterdoarp Warten. En neffens it ferhaal paste dat doarp in bytsje op Westra want de akteur wie op it mêd fan de drank bepaald in ‘baas boppe baas’. Yn it jier fan LF2018 is it net sa nuver dat it idee betocht waard in teäterfoarstelling oer Westra te meitsjen en dat op te fieren yn de Herfoarme tsjerke, op it tsjerkhôf om de tsjerke hinne hat Westra syn lêste rêst fûn.

Nei in heal oere steane je as taskôger yn betizing wer bûtendoar mei mear fragen, as doe’t je in heal oere earder de tsjerke ynstapten.

Dus leit it foar de hân dat tidens de Wartenster Wetter Wille dagen der yniens in foarstelling is dy’t mei de nijsgjirrige namme ‘In ikoan mei in knypeach’ opfierd wurdt. In ‘oade’ oan de akteur Westra, sa stiet der by.  Tsjam Epema is de regisseuze en sy hat yn har jonge jierren mei Westra op de planken stien. Komt noch by dat Westra ek it nedige dien hat foar de pleatslike toanielferiening. Dat alles makket nijsgjirrich nei de foarstelling fan in heal oere dy’t earder ôfwiisd waard foar it projekt Under de Toer.

It docht fansels frjemd oan as je by de tsjerkedoar twa Dútske soldaten foarby moatte om dêrnei yn tsjerke te lústerjen nei dy dochs sa moaie soldatenlieten. Om’t Westra fan 1946 is, sitte je te betinken wat de Twadde Wrâldkriich no mei Westra te krijen hat. Want litte wy earlik wêze, de ferwachting wie in foarstelling oer it libben fan de akteur, ek al om’t oankundige wie dat soan Berry in grutte rol spile hie by it oanleverjen fan it materiaal.

Dy kant gie it dus net út, op de bousels foar de preekstoel stienen trije dames dy’t de evergreen Working for the Yankee dollar songen. Nei it al like klassike Lili Marleen  kaam Westra yn byld op in grut skerm. As Jelle de fisker yn de film De Fûke fan 2000 nei in boek fan Rink van der Velde út 1966. Bylden sûnder lûd mei de klam op it sa ekspressive gesicht fan Westra. Underwilens feroaren de sjongende soldaten op bân yn beulen en moardners op syk nei ûnderdûkers en dat waard yn de tsjerke mei in sykljocht spile, om der wat spanning yn te bringen. Soenen de ûnderdûkers as kninen yn it ljocht fongen wurde of wie der in útwei. Dy útwei wie der net op it skerm foar Jelle de fisker en syn Bijke, mar dat wisten wy al fansels om’t wy de film ea sjoen hienen en ek it boek lêzen.

Miskien wie dy rol fan Westra yn De Fûke wol syn moaiste en bêste filmrol en waard hy om dy reden fertoand. As in ikoan fan it wite doek, mar dan wol mei in knypeach, want de wierheid rûnom Westra yn it echte libben wie bepaald minder prinsipieel. Of  miskien wie de film yn Warten opnommen, mar ek dat wie net sa. De sênes op it wetter wienen opnaam by De Alde Feanen. De iennige opnames yn Warten wienen binnendoar west, yn in lyts húske by de brêge.

Nei in heal oere steane je as taskôger yn betizing wer bûtendoar mei mear fragen, as doe’t je in heal oere earder de tsjerke ynstapten. Bygelyks de fraach wat no eins de bedoeling west hat mei dizze foarstelling. De Twadde Wrâldkriich sa summier delsette kin net de bedoeling west ha. Dan bliuwt oer de rol fan Westra yn de Fûke en it oare wie allegearre behang om dy filmbylden hinne. Sjoch wat je ek fan Westra sizze kinne, mar it wie wol in ikoan yn de Fryske teaterwrâld. En dan is dy knypeach dochs wat te meager útfallen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.