Margootje

KAREN BIES – 

It wie sa’n doalhôf út de jierren tachtich mei in strjitteplan yn de foarm fan in blomkoal. Datst hyltyd de bocht om moatst, it spoar bjuster rekkest, wer op itselde plak útkomst en dat it dy dóchs noait bekend foarkomt! Nei in skoft dwalen sette ik de motor út, midden yn in strjitte. Ik socht ferbining mei Maps op myn telefoan, mar sels dat slagge hjir net. Wy seagen om ús hinne. Grutte huzen, tichte gerdinen. In buordsje mei ‘WhatsApp buurtpreventie’.

 

‘Wat ik doe? Wat doet ú! U rijdt achteruit en u rijdt mij klem!’

 

Wy waarden stadich foarbyriden troch in oare auto. Efkes fierderop stoppe er. En doe ried er mei in flink gonkje achterút, rjocht op ús ôf. Oant er, krekt op ’e tiid, in meter foar ús auto stilhold. Wat wie dit no wer? It doarke fan it Peuzjootsje gong iepen en dêr kaam in frou út, rjocht op ús ôf mei driftige stappen. Ik die it rút iepen, alhoewol’t de frou beslist boas like. Se loerde nei binnen. Har gouden kettinkje bongele. ‘Wat dóet u’, sei se streng. It wie gjin fraach.

Ik sei: ‘Wat ik doe? Wat doet ú! U rijdt achteruit en u rijdt mij klem!’

Sy: ‘Dat kan mij niks schelen. Wat doet u hier?’

Ik sei: ‘Wij zoeken een adres.’

M. hong oer my hinne en sei: ‘Maar wat heeft u daarmee te maken. Ga eens even gauw weg met die auto van u.’

Sy: ‘Ik wil eerst weten waar u mee bezig bent. Hier gebéurt namelijk wel eens wat.’

Ik: ‘Wat dan?’

Sy: ‘Criminaliteit. Inbraak. Drugs. U komt op mij verdacht over.’

Ik seach nei rjochts. M. like yndied nochal woest. Iksels fielde my ek net al te fris. De frou har kettinkje trille fan de spanning. Aha, dit wie dus de buertbewaker. Unbekende auto’s achterfolgje en klemride. Thús ekstra slotten op ’e doar, de rollûken nei ûnderen. Nachts wekker lizze fan elk lûd. Och, earme frou. It wie gewoan sneu.

Ik sei: ‘Wij doen niks, hoor.’

Sy: ‘Dat is u geraden ook. Anders bel ik de politie in Leeuwarden, daar kennen ze me wel.’

M.: ‘En bij de psychiater kennen ze je ook wel zeker. En nou vort.’

Se prottele noch wat, mar se stapte toch yn har Peuzjootsje. Margootje, moast ik ynienen tinke, uit Madurodam.

Pas nei in oere hiene wy de útgong fan de blomkoalwyk fûn. It wie yndied fertocht.

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 17 (2018), 2 (maart)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.