Ljerke siket ferstilling

PAUL VAN DIJK – 

Ik moetsje slachwurker ekstraordinaire Sytze Pruiksma as de seal fan Schouwburg de Lawei noch mar krekt iepen is. “We hawwe de oaren in oere lyn troffen,” fertelt er entûsjast. Mei ‘de oaren’ bedoelt er de Noaren Alexander Rishaug, bassist Michael Francis Duch, trompettist Hilde Marie Holsen en de IIslânske fideokeunstner Haraldur Karlsson mei wa’t er fannemiddei foar it earst muzyk meitsje sil. De trije Noarske muzikanten, Sytze Pruiksma en de bruorren Jan en Romke Kleefstra foarmje ‘Ljerke’, in kollektyf dat ‘klanklânskippen’ meitsje wol. As ik freegje oft se in setlist hawwe, skoddet Sytze de holle. “Der stiet neat op papier, der binne gjin ôfspraken. Sterker noch: wy witte net iens wa’t der daliks begjint.”

 

De stilte is suver even te folle. Ik skrik as ik by it ferlitten fan de seal troch de boksen fan de Lawei ynienen ‘de Beegees’ galmjen hear.

 

Dat klinkt wat achteleas, mar de mannen kinne blynwei fertrouwe op harren geweldige ymprovisaasjetechnyk. It is úteinlik Pruiksma sels dy’t begjint. Ut it arsenaal oan ark dat er om him hinne lizzen hat, kiest er foar de elektryske gitaar. Pruiksma bespilet de gitaar as slachynstrumint, mei in stokje. Letter hellet er mei in strykstok ek fioelelûden út it ynstrumint. Dat Pruiksma ympovisearre kin dat wisten we, mar ek trompettiste Holsen en Romke Kleefstra hawwe in grutte ynfloed op it úteinlike kluster fan lûden dat ûnststiet. Holsen tsjoent de wyn en de see út har trompet. Har trompettoan docht my oan Eric Vloeimans tinken. Se hie om my noch wol mear spylje mochten.

Firtuoze solo’s dy’t tawurkje nei in klimaks hoeche wy by ‘Ljerke’ net te ferwachtsjen. It kollektyf dichters en muzikanten spilet sober, mei it doel ferstilde kollaazjes te meitsjen fan klanken, resultearjend yn in lange soundtrack fan in oere. De kontrasten slûpe hiel keunstich de muzyk yn, stadich wurde de ‘echte’ ynstruminten ferfoarme en wurdt it gehiel hieltyd elektroanysker.

Dichter Jan Kleefstra hat in bysûndere rol yn it optreden. Syn gedichten soargje foar organyske oergongen en sfearwikselingen. Kleefstra draacht hiel yntens en mei de eagen ticht foar. Syn wurden lokje ús hieltyd fierder mei it lânskip yn.

De spanning fan it eksperimint
De fideokeunstners mikse harren biblioteken en effecten ta in eklektyske mjuks fan fertroude bylden (Fryske greiden, fûgels en Noarske fjorden) en bylden dy’t wat apokalyptysk binne. It lânskip wurdt mei digitale effekten ôfbrutsen. Breklinen en grize reek feroarje it lânskip yn in 3d model fan in frouljusgesicht, dêr’t stikken út misse. Ek fisueel boeit it optreden fan it begjin oant de ein.

Ynkoarten sil ‘Ljerke’ de studio yn. Under lieding fan Rutger Zuyderveldt sil der in plaat makke wurde.

‘God, ik sit noch hielendal yn in trance,’ seit in man njonken my as it optreden ôfrûn is. Ik fiel itselde. Myn holle sit fol fan de lûden en de bylden dy’t ik sjoen haw. De stilte is suver even te folle. Ik skrik as ik by it ferlitten fan de seal troch de boksen fan de Lawei ynienen ‘de Beegees’ galmjen hear. Ik haw in oere lang even earne oars west.

 

‘Ljerke’ is ek de kommende dagen noch te sjen en te hearren. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.