Leave wurden

KAREN BIES – 

Ik wie in ferhaal oan it skriuwen oer boargemasters dy’t sizze wat se op it hert hawwe. Boargemaster Roel Sluiter fan Harns rôp yn syn nijjierstaspraak it folk op om net sa gau lilk te wurden. De Harnser plysje is alle dagen dwaande rûzjes del te bêdzjen en Sluiter hopet dat minsken kommend jier mear rekken mei elkoar hâlde sille. Dat se de problemen pratendewei oplosse, mei ferstân. In man nei myn hert. Wêrom in molotovcocktail smite ast likegoed by elkoar op de kofje gean kinst?

Ik wol sels LOVE yn de finsterbank sette, as minsken dêrtroch wat minder gau lilk wurde.

Dan nei Weststellingwerf. Gerard van Klaveren wol gjin earste ljipaai mear yn ûntfangst nimme. Der binne hyltyd minder ljippen en Van Klaveren wurket net langer oan dy flauwekul mei. Rendert Algra fan it BFVW sei dat Van Klaveren sa mei syn nijjierstaspraak it nijs helje woe. Rendert Algra (syn cv stiet op wikipedia) wit yndied wol hoe’t dat moat. Mar ik tink dat de útspraak fan Van Klaveren rjocht út it hert komt. Hy wie as jonkje by de jeugd fûgelwacht en lid fan de Jeugdbond voor Natuurstudie. Hy makket him soargen oer de ljip en hy woe him solidair ferklearje. Dit wie syn kâns. It hiele jier troch moat in boargemaster boppe de partijen stean, altyd mar de wiiste wêze, elk riedslid it wurd jaan: ‘Dankewol foarsitter!’ ek al binne it bytiden noch sokke ûnwize ferhalen. Mar ien kear yn it jier mei er syn momint pakke, op it nijjiersslokje. Van Klaveren liet syn hert sprekke en sa hiene wy wer in dei fan opskuor yn Fryslân.

Mar doe wie der in oanslach op it Frânske tydskrift Charlie Hebdo en like dy hiele ljipaaidiskusje seldsum ûnnoazele pielerij. Yn namme fan in profeet binne tolve minsken deasketten. Sjoernalisten en cartoonisten, dy’t altyd skreaunen en tekenen wat se op it hert hiene. Se gongen risiko’s net út de wei, se makken grappen oer alles en elkenien, ek al waarden se mei de dea bedrige. Mar no binne se dea troch automatyske gewearen. Dizze oanslach op Charlie Hebdo wurdt sjoen as in oanslach op ús allegear, op parsefrijheid en demokrasy. Yn hiel Europa gean minsken de strjitte op. Nei in oprop fan de boargemasters fan Amsterdam en Rotterdam freget ek boargemaster Crone fan Ljouwert ús nei it Saailân te kommen, út solidariteit mei de ynwenners fan Parys en foar de frijheid fan miening. Hjoed, 8 jannewaris, jûn om 18.00 oere. ‘Nous sommes tous Charlie!’

Mei in ferhaal foar de Moanne riskear ik meastentiids myn libben net. Boppedat lêze terroristen gjin Frysk. Mar leave wurden binne úteinlik sterker as geweld. Ik hoopje dat wittenskippers oait bewize sille dat der gjin hegere macht is dy’t alles bepaalt, en dat minsken leauwe sille dat religy’s troch minsken betocht binne. Ik fertel myn bern dat islam en terrorisme net ien-en-itselde ding is, wat oaren ek sizze, en dat wapens gjin problemen oplosse mar allinnich mar ellinde jouwe. En ik wol sels LOVE yn de finsterbank sette, as minsken dêrtroch wat minder gau lilk wurde.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.