Leaust de letters amper

ROMKE TOERING – 

Ik ha net in hekel oan lêsfoer mei (auto)biografyske eleminten. Yn de foarbije moannen ha ûnderskate ferhalen oer pakes en beppes, heiten en memmen fan skriuwers myn netflues passeard, de memmen fan Adriaan van Dis en Maarten ‘t Hart, de pake fan Anne Sinclair. Stik foar stik yntrigearjende personaazjes, dy’t net meielkoar te fergelykjen binne. ‘Ik kom terug’ fan Adriaan van Dis, ‘Magdalena’ fan Maarten ‘t Hart en ‘Rue La Boétie 21’ fan Anne Sinclair, se binne as appels, parren en prommen. Ungelikens, mar de smaak fan elk fan har koe minder.

Tagelyk is it de muoite wurdich as it ferhaal ek in tiidsbyld jout. Tagelyk wat seit oer de skiednis dêr’t dy fan de mem of de pake in ûnderdiel fan is. It ferhaal fan Sinclair oer har pake, in Frâns-Joadske keunsthanneler, dy’t libbe yn it lêste koart fan de 19e en de earste helte fan 20e iuw, is dêryn it dúdlikst. By fan Dis en ‘t Hart leit de fokus mear op de memmen. Minder op de skiednis der om hinne.

 

In fassinearjend ferhaal fan de man dy’t yn earder dagen op in noflike wize Moskouse berjochten de wrâld yn toetere.

 

In boek oer in pake, in beppe, in heit, in mem, omkes, muoikes oant en mei de jongste generaasje, is “De stamhouder” fan Alexander Münninghoff. In famylje kronyk en tagelyk in avontoeren-roman, dêr’t jin by it lêzen geandewei de bek hieltyd fierder fan iepen falt. Skiednissen yn in grutte skiednis, dy’t sjen litte hoe’t de grutte skiednis dy lytse skiednissen bepaalt.

Unmooglik. Unfoarstelber. Net te leauwen. Betink it mar. Dat is dit linich skreaune relaas fan in famyljeskiednis. Linich skreaun, noflik te lêzen: ”De stamhouder”. In famyljekronyk, as in ferslach fan in spannende keatswedstriid. Partijen, dy’t hieltyd spannender en spektakulêrder wurde. Bûten- en boppeslaggen, prippers en kweaslaggen. Skemjen, oerrinne, dubieuze en ferkearde beslissingen. Drama, teloarstelling, eufory en gelok. Alles wat in keatswedstriid mei al syn stiltes en ûntladingen sa fassinearjend meitsje kin.

Wat in skiednis! Leaust de letters amper. Falst fan de iene ferbazing yn de oare fernuvering. By einsje beslút dochst dat net mear. Akseptearst de wurklikheid fan de kronyk. Leaust de letters wer. Mar dan bist al goed trije hûndert siden fierder en is it ferhaal hast út, de avontoeren foarby.

It ferhaal oer de rike roomse pake Münninghoff, dy’t yn it twadde en tredde desennium de foarige iuw gâns jild makket yn Letlân. Hy trout mei in Russyske, krijt trije jonges en in famke. In pater familias, dy’t de popkes yn ‘e famylje, mar ek fier dêr bûten oan toutsjes hat. Mei syn pecunia krijt er in soad gedaan. At de Russen yn de 2e wrâldkriich de Letse grins oerstekke, moat de famylje nei Nederlân werom. De popkes dûnsje net altyd sa’t de pake wol. Gauris wurdt der bûten de pôt pisse, mar de âld man slagget der hieltyd yn de saken glêd te striken. Mei jild en troch syn konneksjes oant yn de heechste Haachse kringen. In superyntrigant.

Nei de oarloch komme alle famylje leden úteinliks yn Nederlân telâne. Relaasjes knappe. Houliken rinne op ‘e non, saken mislearje. Minsken wurde fuortstjoerd, in bern sels ûntfoerd. Yn alle gefallen de pake regelt it sa dat syn stamhâlder yn Nederlân weromkomt.

In fassinearjend ferhaal fan de man dy’t yn earder dagen op in noflike wize Moskouse berjochten de wrâld yn toetere: Alexander Münninghoff, de stamhâlder.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.