fotografy: Elsbeth Tijssen

Leafdedea

Achte hear Zwezerijnen,

De lêste dagen spoeket my hieltyd de titel fan in Frysk boek troch de holle. Nee, dat komt net troch al dat geskyt en gemiich yn dat lytse literêre wrâldsje. Dat is ek net fanwege dy romrofte list, dêr’t it âlde wurk fan Homme Eernstma op telâne kaam is. It sil wol in slimme sûnde wêze, mar ik moat tajaan dat ik dat boek noch net lêzen ha.

It is dy titel.

Allinnich dy titel.

Dy wynt my yn de holle om as in mich yn in ranjeglês. Hy fleach der fannewike samar yn, doe’t ik mei myn dompige moarnsliif boppe de krante hong en myn each foel op de rou-advertinsjes.

Leafdedea.

Yn de Wâlden hat him in leafdesdrama ôfspile. Slim sûnder wjergea. Ferjou my de flauwe wurdgrap, mar ik soe net witte wat foar tekst ik oars brûke moast om út te drukken hóé slim. Twa minsken hâlde fan elkoar, wolle by elkoar wêze. Mar de ien wurdt ferskuord troch striid fanwege oare loyaliteiten, rekket dêryn fertize en makket in ein oan syn libben. De achterbliuwer, stikken fan fertriet, folget koart dêrnei syn foarbyld.

Twa minsken dy’t elkoar leafhienen. By elkoar wêze woenen. Elkoar gelokkich meitsje woenen. Mar it net foar elkoar krigen om de leafde baas wêze te litten. En dy’t dat ferlies ôfbetelle hawwe mei har libben. Leafdedea.

Dyselde deis wienen jo yn it nijs, achte diaken. In smout ferhaal oer in geastlike dy’t in kar meitsje moat tusken syn twa leafdes: it famke en de hear. Ik seach op tv in earnstich pratende kollega fan jo; jo krije immen fan tsjerke taskikt dy’t jo ‘persoanlike begelieding jaan sil by dizze striid’, seid er.

No lykje my dat net fuortdalik de meast geskikte lju om jo te advisearjen. It binne ommers minsken dy’t sels mar in ferrekt lyts bytsje ûnderfining hawwe mei de minsklike leafde. En ás se it al hawwe, ha se dy lytsman makke.

En nee, ik bin ek net de bêste persoan om jo te helpen. Want ik soe planút kieze foar it famke, sûnder lang neitinken. Dat komt omdat ik mei dy oare opsje net út de fuotten kin. En dat kinne jo wol. Dus oan myn advys hawwe jo ek neat.

Fan wa’t jo it meast hâlde wit ik net. Mar ik soe jo freegje wolle: sjoch net nei oare loyaliteiten. Tink net oan dy parochianen, tink net oan dy regels fan dat ynstitút, tink net oan jo plichten, jo brede of smelle paad. Tink oan de leafde. Neat as de leafde.

Want de leafde kinne jo net negeare. Leafde is as de duvel: jo slute der in pact mei. En as jo miene dat jo de duvel wol te fiter nimme kinne, of dat er syn oanpart net opheljen komt, komme jo raar op ‘e kofje. Der binne withoefolle minsken dy’t dy ûnderfining hawwe – aldergelokst yn minder dramatyske foarm as fannewike – mar stik foar stik mei spyt. Guon sitte ferskûle yn in toar houlik, oaren sjogge mei wroeging nei de púnbulte dy’t se derfan makke hawwe, of hoopje tsjin better witten yn op in herkânsing. Allegear spyt, spyt, spyt. Leafdedea-light. Mar lykwols.

Kies foar de leafde, achte hear Zwezerijnen. Lit de leafde – foar wa’t jo dy ek mar it measte fiele – baas wêze.

Leafdelibben.

Dan sil ik dat boek ris lêze.

 

Bart Kingma

Comments
Ien reaksje oan “Leafdedea”
  1. josse de haan schreef:

    Goemoarn Bart Kingma,
    as jo dan dat boek lêze – it oarspronklike en dêrnei de ferknipte ferzy – dan sille jo sjen dat ek dêre de leafde kapot makke is. It oantaasten fan in boek liket op it oantaasten fan minsken.
    Groet, Josse de Haan

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.