fotografy: Aant de Jong

Landschapspijn: Nasjonaal park Kening fan de Greide?

GERBEN DE VRIES – 

Diel 2
Komt Jantien de Boer mei har boekje Landschapspijn ek mei mooglike oplossingen? Sels beweart se fan net. Se wit ek hiel tûk de skuldfraach te ûntrinnen troch ek de ‘dieders’ oan it wurd te litten. De Boer giet hiel dapper letterlik de boer op. Dat giet no ek wat makliker as pakwei tweintich jier werom, want doe wiene boeren hiel wat agressiver tsjinoer ‘bûtensteanders’. Aardich wat boeren jouwe sels ta dat der wat oan de hân is. Ik leau dat der yn it boek mar ien foarkomt, dy’t it nije lân moai fynt ómdat it effisjent ynrjochte is. In oar wiist op nije fugels, lykas de tûsenen gânzen en de wite rigers dytst no oeral yn it foarjier sjochst. Dat is wier, mar it binne gjin greidefûgels en se bringe dat typsiche lûd net wer werom.

 

De earste de bêste ljip dy’t ik sjoch, sil Jantien hjitte.

 

Miskien hâlde guon lju har no stil, omdat se tinke dat it wol wer oerwaait. Want it binne foaral de al wat âldere minsken dy’t noch witte hoe’t it der eartiids útseach, hoe’t it klonk. De jongerein komt it fjild net mear yn, seker no’t der ek net mear aaisocht wurdt. In inkelde boer seit noch dat hy as ûndernimmer de wrâld fiedet, mar wa leaut dy kul noch? Opfallend is dat de biologen eins ek net mei konkrete oplossingen komme. Hja hiene sizze kind, dat it Ingelske raaigers foar in (grut) part wer fuort moat, of dat der in Nasjonaal Park Kening fan de Greide komme moat. Stilte.

Wol lies ik fan alle kanten dat de lanlike oerheid him aktiver opstelle moat. Ek de boeren wolle mear fisy, bygelyks wat de ferplichte ynjektearring fan driuwdong oanbelanget. Dêr wol elkenien sûnt de ynfiering yn 1993 eins wol fan ôf. As boeren en biologen it dêr oer iens binne, kin dat hiel goed yn koarte tiid realisearre wurde. En skaf by need de ‘weidegang’ ôf en ferfang dat troch subsydzje op krûdenryk gers ynstee fan raaigers. As in boer dan in pear stikken lân mei sok gers hat, it leafst yn ‘e mande mei de buorman-kollega, dan is der alwer in lysts reserfaat wûn.

Jantien de Boer hat genôch boeren sprutsen dy’t iepen steane foar in net-yndustriële foarm fan buorkjen. De wil is by in soad minsken echt wol oanwêzich en ek it besef dat it lânskip bedoeld is foar de hiele mienskip. Mar dan moat in boer dy’t in pear jier fanwege agrarysk natuerbehear dwaande west is, net ynienen konfrontearre wurde mei it stopsetten fan dizze subsyzje. Oaren eksperimentearje mei allergear nije dingen. Lykas dy oare Sicco, dwersbongel Sicco Hylkema fan Aldegea, dy’t mei krûdenryk gers en reade klaver begûn is en dy’t mei tank oan knoflyk wol 80% minder penisilline hoecht te brûken. Of de tolve feehâlders dy’t yn 2016 de Weide Weelde-suvel yntrodusearren. As sokke boeren mear gearwurkje en as der mear fan soksoarte ynisjativen komme, dan fernimt it grutte publyk ek dat it sels wat dwaan kin.

Dy gearwurking kin ek fuortsterke wurde troch de provinsje, want dy hat wol wat goed te meitsjen. Om te begjinnen kin der fanút de provinsje in platfoarm foarme wurde, dêr’t minsken en ideeën byinoar brocht wurde. Want oant no ta ûntbrekt it oan sintrale rezjy en stjoering. Boppedat kin der nochris flink neitocht wurde oan de oarspronkelijke plannen foar de ferskate ruilferkavelings. Yn stee fan dy postsegels skamtegrien moatte der gruttere ienheden natuer kreëarre wurde. En faaks kin de provinsje in fûns foarmje om de oerstap nei biologysk buorkjen te helpen, want no duorret in twa jier foar’t in boer sa oan it wurk kin. Twa jier sûnder ynkomsten, wol te ferstean.

Op lannelik nivo kin it ek simpel holden wurde. It giet om marzjes. Want it is opfallend, en ek De Boer neamt in foarbyld, dat boeren dy’t biologysk buorkje mei folle minder kij net folle minder fertsjinje as boeren mei 500 kij. Krekt omdat hy foar syn molke wat mear krijt as gewoane molke. De kearn fan de hiele problematyk is dat reguliere boeren domwei te min jild krije foar har molke. In dûbeltsje per liter mear soe al hiel wat megastâllen tsjinhâlde. Der wurde al tsientallen jierren geheime ôfspraken makke om de priis fan de molke keunstmjittich leech te hâlden. Dat moat no einliks ris oplosse wurde.

In moai foarbyld fan hoe’t it wol kin, is Skylge. Op ien arrogante boer nei, wurdt der biologysk buorke en it resultaat is in prachtige fûgelrike polder. De Boer soe der bliid fan wurde, skat ik sa yn. Want it mei dochs net sa wêze dat fûgels as de ljip útwike moatte nei in lape grûn yn in middelgrutte stêd? Takom jier sil ik wol wer útsjen nei ljippen op myn braaklizzend lân. Omdat der boud wurdt, haw ik myn twifels. Mar de earste de bêste ljip dy’t ik sjoch, sil Jantien hjitte.

 

Lês hjir diel 1 fan dit besprek – Landschapspijn, Jantien de Boer. Uitgeverij Atlas Contact, 2017. 112 siden, €14,99

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.