Landschapspijn: in drainearre woastenij

GERBEN DE VRIES – 

Diel 1
Ek trije jier ferlyn fytste ik al alle moandeitejûns nei de sportskoalle, yn itselde kompleks dêr’t ek it fuotbalstadion sit. Tsjinoer it stadion leit in braaklizzende flakte fan sa’n 100 by 50 meter. Op in jûn seach ik dat in ljip in roek sloech. Twa as trije wiken letter, dêr wol ik ôf wêze, ûntduts ik dat der fjouwer jonge piken omrûnen. De wiken dy’t dêrop folgen, waarden dat der hieltyd minder en op ’t lêst bleau der ien oer. Mar dat pykje waard in pyk en groeide op ta in jonge ljip.

 

De ‘landschapspijn’ wurdt foaral yn de greidlannen field, omdat yn dat iepen lânskip de greide ek alles is wat de minsk sjocht.

 

Dit foarjier seach ik alle moandeitejûnen wer út nei in ljip. De lêste jierren wiene se der net, mar doe wie de grûn ek nochal droech. Dit jier wie it earder plas-dras. En ja hear, ein april seach ik de earste ljip. Doe’t ik better seach wiene it der sels trije. In triootsje? Achterôf die bliken dat it de ferkenners wiene, want der foarmen him op dit lytse wiete gersfjlidsje trije pearkes. Al rillegau wiene der pykjes en ik telde der in stik as seis. It gers wie lang, dat der sille grif mear west hawwe. De idylle duorre net lang, heechút in pear wiken. Op in jûn koe ik gjin inkelde ljip fine, senior of junio, en hja kamen ek net wer werom. Foar alle wissichheid, der wie ûnderwilens net meand. It is wol dúdlik wa’t de dieder wie.

Je kinne dy ljippen net freegje wêrom’t hja yn de goedichheid aaien lizze midden yn in middelgrutte stêd, kilometers fan it greidlân ôf. Yn Fryslân en Grinslân lizze tûzenen hektares greidelân klear om foar in grut ferskaat oan fûgels nêsten út te brieden. Tenminsten, dat wie altyd sa. Nei it lêzen fan Landschapspijn. Over de toekomst van ons platteland fan Jantien de Boer witte je wol better. Sterker noch, wy wisten it eins allegearre al in stikmannich jierren. Dyjingen dy’t noch âlderwetsk kranten en tiidskriften lêze, televysje sjogge, radio belústerje, dy witte al lang dat it poermin mei de greidefûgels giet. Jierrenlang koene boeren en oaren domwei nei de foks wize, of nei de stienmud. Dy bisten hiene de natuerlike oarder fersteurd en makken de greiden leech.

Fansels, dat hat ek meispile. Fierstentelang hawwe natuerfreonen út in tige nuvere ferblining net sjen wollen dat dizze predator yndie grutte skea yn it fjild oanrjochtsje kin. Pas dit jier wurdt dat skytsskoarjend tajûn. Mar mear en mear wurdt benammen dúdlik dat de greidfûgels net mear graach yn it greidelân libje wolle. De ljippen by myn fuotbalstadion koene fierderop net genôch iten fine, of rekken har piken kwyt omdat der te betiid meand waard. Ek op bysûndere plakken as yndustryterreinen dûke hieltyd mear ljippen en strânljippen op.

De Boer docht as sjoernaliste net oan histoaryske analyse. Lit my derom twa koarte alineas yn har pamflet – want sa meie wy it wol neame – ynlasse. It kearpunt kaam yn de jierren fyftich fan de foarrige iuw. Sicco Mansholt en oaren foarmen, om koart te kriemen, Europa ta in ienheid om genôch iten foar dit wrâlddiel te produsearjen. Dêrfoar moasten de lytse boeren ferdwine en soene der grutte bedriuwen foar yn ’t plak kommen. Tagelyk sette de earste ruilferkavelings út ein. Rasjonalisearing en meganisearing wiene de biedwurden. Beide doelen waarden in sukses.

It betsjutte wol in transformaasje fan it greidelânskip. De wiete gerslannen, ferparte yn lytse stikken lân en dy wer yn ekers, feroaren troch ûnder mear grûnwetterdaling en herkaveling yn droege, rjochte flakken. Yn de jierren santich en tachtich hawwe – en De Boer hellet ientsje fan de ‘natuermaffia’ sels oan – de ferskate natuergroepen fierstente min dien om by dizze ruilferkavelings mear natuer as kompensaasje te easkjen. Der waarden earst noch wol aardich wat stikken natuergebiet ynpland, mar dy waarden troch de agressieve boerenbeweging ien foar ien sa lyts makke dat it nei it wurd fan de dichter Bloem net mear wie as in postsegel. Hoe oars wie dat yn Drenthe, wer’t troch benammen lânskipsarsjitekt Harry de Vroome ek méi grutskalige ruilferkaveling in prachtich lânskip makke waard. Ek mei fûleindige wjerstân fan de boeren, mar mei help fan de provinsje. Yn Fryslân barde dat net.

De fergeliking tusken Fryslân en Drenthe is net om ‘e nocht. De ‘landschapspijn’ wurdt foaral yn de greidlannen field, omdat yn dat iepen lânskip de greide ek alles is wat de minsk sjocht. Yn it smûk skaadsjend beamtegrien fan de Wâlden falt de stilte fan no folle minder op. Yn Drenthe al hielendal net. Dêr hast ek net direkt troch dat der folle minder skriezen, strânljippen en ljippen binne as eartiids. Yn de greiden raast it jin temjitte.

Dochs, en dat beneamt De Boer net hiel presys, kaam de stilte yn de greidlannen net fuort mei de earste ferkavelingstiid. Pas it lêste desennium falt it echt op dat de greidefûgels yn oantallen sterk ferminderje. Wittenskiplik ûndersyk befêstiget dat. De ellinde begûn foaral doe’t sawat alle boeren op sawat alle stikken lân Ingelsk raaigers ynsiedden. It fjild waard in ‘drainearre woastenij’, sa’t immen yn it boek byldzjend en pynlik seit.

Kin dy woastyn wer fruchtber makke wurde, bewenber foar greidefûgels?

 

Landschapspijn, Jantien de Boer. Uitgeverij Atlas Contact, 2017. 112 siden, €14,99

Comments
Ien reaksje oan “Landschapspijn: in drainearre woastenij”
  1. Thom Feddema schreef:

    Jammer, mar sa ist. En dat konstatwarjende tink ik oan Brussel en de Haach en de Steaten fan Fryslân. Brekke hja de macht fan de ôfbraak organisaasjes. Is bygl in fergrieningsmaatrigel net mear frij ynterpretabel en geane we echt wat foar de greidfûgels dwaan? Konstatwaring is ien, fysje en dwaan en útfiere twa.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.