Krol yn Riga (7)

Publisearre op 11 december 2013

JAAP KROL – 

De presintaasje fan ús oersettings wie fansels net samar in presintaasje. It Latvian Literature Centre hie foar ús in boppeseal reservearre yn it alternative jongereinsintrum. Gelokkich wie der mear publyk (12) as skriuwers (5), sadat ik gewoan beweare kin dat elkenien der wie – elkenien dy’t yn Riga e.o. hot is, dêr’t minsken mei op de foto wolle. Al ús ferhalen waarden foarlêzen yn it Letsk, in sjongerige en sêft sprutsen taal. Hiel bysûnder, foaral om’t ik der wurklik net ien wurd fan begrypte.

Wy ha noch wat neisitten, wittende dat wy inoar nei alle gedachten net mear sjen soene. Alle ‘wy hâlde kontakten’ en ‘kom foaral ris dellen’ ta spyt, bestiet de neisit fierders út thús neigenietsje, dêrnei wat somberje oer de ein fan in spesjale wike om nije wike wer fierder gean ta de oarder fan de dei.

Noch in pear witte-jo-datten, ha jo wat om oer te praten mei de Krystdagen.

– Riga hat offisjeel 700.000 ynwenners, mar offisjeus (net elkenien is registrearre, foaral studinten net) wurdt it tal skat op in miljoen.

– Letten fiele harren ferbûn mei de Litouwers. Tegearre sjogge se del op de Esten. Se prate sleau en binne dom, hoewol’t Estlân troch grutte Skandynavyske ynfestearrings folle riker is.

– Riganezen hawwe trije hobby’s: lûd oplûke, rjochts ynhelje en belje achter it stjoer. Ik ha der neat fan sein, mar dat hie fansels al moatten.

– De strjitten binne brân- en brânskjin: gjin peuken, gjin kauwgom, gjin blikjes, patatbakjes of muorren fol miich.

– It snijt yn november.

Ik moat no noch goed fyftich wurden skriuwe, oars helje ik de 300 net. Nijste hit fan Maywood al heard? Hjir it refrein:

Riga de Janeiro – Riga
Land of sun
samba and wine –
Riga de Janeiro – Riga
I feel fine.

No sit ik alwer op 302 (plus ’hoi’ is 306).

 

Foto: Dit is de douche. Ik brûk Palmolivesjampoo (‘normaal haar’).

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels