Krol yn Riga (5)

JAAP KROL –  

Ik wie nei it plattelân set, want al dat fijnstof yn de noas is net altyd noflik. Ik naam dus op de gok in moarnstrein en kaam yn Lielvārde, in Letske ‘stêd’ op in oere fan Riga. Lielvārde hat noch gjin 5.000 ynwenners, mar alle plakken mei in sikehûs en gemeentehûs wurde hjir ‘stêd’ neamd.

Wat Britten dus in ‘town’ neame. Yn myn woldiedige libben rekkene ik yn elts gefal op in haadstrjitte mei kofjehúzen en winkels, mar doe’t ik troch in stille bûtenwiken rûn en dêrnei foar de sletten biblioteek anneks kulturele sintrum stie, realisearre ik my dat dit krekt it sintrum wie. Tiisdeimoarn, mei tiisdeiwaar en it tiisdeigefoel dat ik noch lang net op de helte wie.

De biblioteek wie dus ticht, mar gelokkich fûn ik in kofjehûs by it stasjon. Yn dizze kontrijen op it each in frjemd kofjehûs: it ynterieur bestie út hippe retromeubels fan de kringloop en út de boksen kaam retro jazzmuzyk. Oars net as in kleurrike ambianse yn in griis lânskip, mei freonlike jongeren en lekker fet iten. Doe’t ik fjouwer oeren letter – ik bin hjir fansels om te workshoppen – wer op it perron wie, rûn ik wat hinne en wer yn de grize wrâld, no op tiisdeimiddei. De keale bjirkebeamen stutsen mar in bytsje ôf tsjin de grize loft en de wetterplassen op ’e dyk hiene deselde kleur as de reidkragen fierderop. Sels de tegels fan it perron wiene griis. Is ‘grau’ no it wurd om dit allegear te beneamen?

Nee. Ik hâld fan niksich waar en de idee dat de bosken, marren, spoaren en doarpen trochrinne oant yn elts gefal Nizjnevartovsk ta, 2.900 kilometer fierderop en noch mar op in kwart fan Ruslân. Ik gie wer yn de waarme trein sitten en reizgje 70 kilometer werom. Ergens hie ik it gefoel dat ik al in hiel ein hinne wie.

 

Foto: Dit is myn bêd. De wurkster hat it noch dat opmakke, dat ik ha it sels mar eefkes dien.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.